Hein Jaap Hilarides

Ferskynsels

logo.ensafh

Fliegend laat de ekster syn fleugelpatroan sien
De moeilikhyd fan ’t leven is ’t gemak
Bovenondertussenbúttenwereldmînsen
Duven pikke in made lief grâs

Zonnesteyntram fangt aaien fan ferfeling op brommer
Celluloasegas fult de lucht fan ’n straaljager
Sinloaze koherînsy fan son en omhoogwaaiend saadpluus, de basis fan leven

Dut ferskynsel: de friksy fan folkomen frij-fan-geest-weze
en mîns weze in de maatskappij; ’t terloopse skynt
’n reden hewwe te motten, wat fan betekenis

De friksy tussen wat said is en wat said most.
’t Werkwoord dat ’t onderwerp ferkeerd ansprak.
De gewoante na de deur te lopen wylst de sleutel in ’t hok lait.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Sjieuwe Borger

logo.ensafh

Nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’ ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel

Sjieuwe Borger (1964) is berne yn Meppel en opgroeid yn Grou. Hy hat rjochten studearre yn Grins en wurket yn de rjochtshelpferliening. Healwei de jierren njoggentich skreau er mei Durk van der Veen it lange ferhaal ‘Modesta’, dat yn ôfleverings publisearre is yn it tydskrift De Blauwe Fedde. Hy debutearre yn 2005 mei de roman ‘It ferrin fan de tiid’. Yn 2008 ferskynde syn twadde roman ‘Genesis Abbekatekantoar’. Yn 1988 al skreau er de roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’. Borger hat it ferhaal oanpast en it boek ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

To tab or not to tab

logo.ensafh

Sa. In kollum foar de digitale edysje fan Ensafh. En dy lêze jo dan op it skerm fan jo desk-, lap- of palmtop kompjûter – of op in tablet. It skriuwen fan dit stikje bart op myn âlde trouwe laptopke, dy’t mei har boujier 2003 al aardich heech op jierren is. Dizze dierbere freondinne beheart (om net te sizzen: behearst) myn hiele libben; se hat ûntelbere foto’s opslein, likefolle mailtsjes ferwurke, en hat my troch trije stúdzjes hinne holpen. Mei har lêste krêftsynspanning ha we tegearre fan’t simmer myn mastersskripsje folbrocht, en no leau ik dochs dat har tiid sa stadichoan kommen is.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

De lullensnijders / Hottefyljen

logo.ensafh

De lullensnijders

GETVER, sei ik doe’t ik 13 juli de krante lies. Op ‘e foarside stie: ‘Amerikaanse vermaalt penis van echtgenoot’. Dat ôffykjen fan de pimel komt faker foar. It begûn al mei dy Japanske film, L’empire de sens. Man en frou hawwe wurchseks, sy smoart him ûnder it neuken en snijdt dan syn apparaat ôf, docht it yn wat lapen en rint dan dagen oanien, alhiel fan ’t sintrum, troch de stêd.
It gefal fan Bobbitt is bekend; him koe it spul wer oannaaid wurde. Dizze Amerikaanse woe dat foarkomme en stoppe de lul yn ‘e itensrestefermealer, der wie neat mear mei oan te fangen.… Lês fierder

Skermer

Fryslân en de wrâld

logo.ensafh

Wy sjogge nei de televyzje, harkje nei de radio, lêze de krante, boeken, sjogge op ynternet. Al dy ynformaasje: wy binne fersêde fan ’e wrâld. Moai. De wrâld is uzes meiinoar: net dêr wurdt honger lijt, hjir wurdt honger lijt.

Der kin in skras troch ‘hjir’, der kin in skras troch ‘dêr’.

Ik sit yn ’e tún, op it terras oan ’e sleatskant mei útsjoch oer de greiden: paradys Fryslân. Oan ’e oare kant fan ’e sleat rinne Tesselske skiep en ek in pear barbados blackbellys. Ik drink wyn dy’t wy meinommen ha út ’e Piëmonte yn Italië. It boek dat rjochts nêst my leit stiet fol mei poëzy fan Sinezen, oerset yn it Nederlânsk.… Lês fierder