Cornelis van der Wal

Palestrina

logo.ensafh

Ferline wike tongersdei stapte ik moarns betiid op ’e trein, foar in reiske nei Hamburch. Wat giet dat maklik tsjintwurdich, alles is online te regeljen, treinkaartsjes en ek in kaartsje foar de Opera fan dizze twadde stêd fan Dútslân wiene my al tastjoerd. Dy treinkaartsjes kinne jo sels thús ek útprintsje, mar dat liket sa suterich.

Ik soe in útfiering meimeitsje fan de opera Palestrina fan de Dútske komponist Hans Pfitzner, dy’t libbe fan 1869 oant 1949. Ja, de man wie in bytsje ferkeard yn ’e oarloch, mar hat syn straf ek wol krigen: by in bombardemint fan de Alliearden op München waard syn hûs foar it grutste part fernield en rekke er hast al syn besittings kwyt.… Lês fierder

A. IJ. van den Berg

Grutste foardiel fan it Frysk: der kin yn it Nederlânsk kommentaar op jûn wurde

logo.ensafh

In protte yndruk makke de útjefte fan it boek Bokwerd totaal yn 2008 net. De útjouwer like ommers net oars te dwaan as mei dy oare sammelbondels fan Rink van der Velde [1932 – 2001]. Smyt mar in brot teksten by elkoar, doch der foar dizze kear in nij kaft omhinne en advertearje der in pear wiken mei, sadat it publyk eefkes wer it bestean fan de skriuwer bybrocht is. Klear.
It doel is nammers earst dat der wer boeken fan de auteur ferkocht wurde. Om’t der noch safolle fan dy boeken yn it fûns sitte, en dy earder altiten sa’n aardige opbringst hiene.… Lês fierder

Maud Vanhauwaert, Jacobus Q. Smink

Twa gedichten fan Maud Vanhauwaert

logo.ensafh

*

silst foarsichtich wêze
se moat it tasizze
mar sy en ik witte datst net nei lofts
en rjochts sjen kinst tagelyk

se hâldt de hân as in luif
skean boppe de holle
it is har helmke: se seit ta

komst wer by my nei dyn reis
se glimket mei in tear
tinkt oan de list fan alles wat mar twa kear komt
eb yn ien dei, de dea
fan ien fan ús

*

der hoecht noch altyd net folle
te barren ear’t ik oan dy tink

wat net op dy liket is al genôch
dan tink ik sjoch

dit liket wier net op har

*

zul je voorzichtig zijn
ze moet het beloven
maar zij en ik weten dat je niet naar links
en rechts kunt kijken tegelijkertijd

ze houdt haar hand als een luifel
schuin boven haar hoofd
het is haar helmpje: ze belooft

kom je weer bij me na je reis
ze glimlacht in een frons
denkt aan de lijst van alles wat maar twee keer komt
eb in een dag, de dood
van een van ons

*

er hoeft nog altijd niet veel
te gebeuren voor ik aan je denk

iets wat niet op jou lijkt is al genoeg
dan denk ik kijk

dit lijkt echt niet op haar

*

Ut: Ik ben mogelijk (Querido 2011)
Oersetting: Jacobus Q.… Lês fierder

Rommert Tjeerdsma

Jagdlust

logo.ensafh

Ik hie it bist al in moai skoft op ’e kuer, ik wist sa stadichoan wêr’t er de loop hie en it plak dêr’t er meastal hinne gie te drinken. Wiken hie ’k op dizze âldfader rûn en him hoeden observearre. Ik koe him hast like goed as myn wiif Joukje en dat sei wat. En no sa…
Fan ’e moarn soe ’t heve. De dage wie amper oan ’e loft doe’t ik hoeden fan ’t bêd skode. Gjin drokte, Joukje hoegde it net te fernimmen. Hja soe wer gâns beswieren op it aljemint bringe, dat it foar in man op jierren en benammen foar de rimmetyk in min ding wie om foar dei en dage yn it fjild om te spanen, dat men dêr ek noch oare krupsjes opdwaan koe en it slimste fan alles: de kâns dat der wer plysjes oan ’e doar komme soenen.… Lês fierder

André Looijenga

Sinjalemint: Ferdinand de Jong

logo.ensafh

Koart nei elkoar ferskynden yn 2010 en 2011 twa romans fan in nije Fryske skriuwer. De twa boeken fan Ferdinand de Jong hat Friese Pers Boekerij op ’e merk brocht as spannend en tagonklik om te lêzen. Sa op it earste each hiel geskikt foar wa’t fan ’t simmer ris noflik yn ’e tún of op it wetter in Frysk boek lêze wol.

Ferdinand de Jong nimt de lêzer mei nei ûnwenstige oarden: nei it noarden fan Sibearië en nei de top fan ’e Mount Everest. Syn debút Guozzeflecht giet oer in geheime missy en spionaazje yn de Kâlde Oarloch, en sit wat middenmank in detektive en in jongesboek.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Boeken / Boeke-baas-baas-boeken

logo.ensafh

Boeken

Us hiele hûs stiet fol mei boeken. Sa no en dan brekt it swit my út. ‘Komt de souder net del, kin de flier yn Willems keamer it wol hâlde?’ Oant no ta wol, en ik moat sizze dat Willem der in protte oan docht om dizze út de hân rinnende hobby yn de klauwen te hâlden.
Geregeldwei sjout er mei in protsje boeken nei souder, like faak komt er mei in protsje boeken werom. Dy moatte dan nei de Kringloop of Tresoar. Willem sa grutsk as wat: hy rommet op!

Ik wit better. Want dan is der wer in boekemerk yn it FEC en giet Steven Sterk der noch eefkes oerhinne mei de oankondiging dat hy gjin ien, mar twa miljoen boeken hat.… Lês fierder