Skermer

Oer de ierde en deryn

logo.ensafh

Ik ferkearde mei de holle yn ’e wolken, nee heger, tusken ’e stjerren, rekke de ierde allinne oan mei de fuotten. Ik fiel it noch hoe’t allinne myn fuotten grûn fielden.
Ik stie op in glôbe op myn wenstee, op ’e krite dêr’t myn libben him ôfspilet en mei de holle yn it hielal.
Wat in gewaarwurding! Myn basis wie smel en ik ferkearde yn in ile wrâld.

Ik gong lizzen en ruts my út oer de ierde oant myn grutte tean rêste op in rotskust mei pinguins. De weagen fan ’e oseaan klotsten tsjin myn kûten, ûnder myn knibbelholte lei Johannesburg, myn boppeskonken rêsten op oerwâld en woestynsân.… Lês fierder

Meng Jiao, Piter Boersma

fielings

logo.ensafh

myn hert keart him ôf fan de grûnige streamen
kleare weagen wekke yn my willedreamen
dat ik dochs de man út ’e see noch treffe soe
en him de moanne út ’e oester freegje koe
salang’t der kâns is op wille en beminne
salang sil dat hert fan my net rêste kinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Meng Jiao libbe fan 751 oant 814.)Lês fierder

Josse de Haan

Anakroanistysk melodrama op Koehoal

logo.ensafh

Der wurdt in soad ôfskie nommen yn de roman Griene Simmer fan Bart Kingma – ôfskie fan de deaden, ôfskie fan lju dy’t der samar útpike, ôfskie fan de famyljepleats, ôfskie fan âlde leafdes, ôfskie fan it libben.
Dizze soarten fan ôfskie komme benammen op it aljemint yn in rige e-mails (yn feite koarte en lange brieven) fan Luc oan syn eardere sakepartner Sebastiaan. Yn in treinreis fan L. nei A. wurde dizze brieven lêzen troch in âlde relaasje fan Luc, Frouck van Eyck. Prachtich dy twa ‘ck-s’. Ek de treinreis tsjinnet as in ôfskiedsreis. Dêrmei is de foarm fan de roman tekene – in stikje treinreis fan Frouck plus flash backs, ôfwiksele troch in brief fan de man dy’t ferdwûn is en in bycht skriuwt (mei tank oan Albert Camus’ La Chute, 1956, û.o.
Lês fierder

Willem Winters

Nocht oan skiednis

logo.ensafh

Yn Tresoar wie earder in útstalling oer de jierren ’50 te sjen, it HCL toant de jierren ’60 (Langharig Leeuwarden). Wat in moaie plateboeken binne der ferskynd oer dizze jierren (De jaren vijftig, De jaren ’60 en Hollands Glorie), wylst de Friese Pers/Noordboek de skiednis fan King pipermunt Snits op papier sette.
It is benammen nostalgy wat my driuwt sokke boeken te keapjen. En it is út nostalgy dat ik de ynbûne Panorama’s uit 1954 – fan in goekunde krigen – op sneintemiddei stadich trochblêdzje en hjir en dêr wat lês. Wat in pracht ikoan fan dy tiid: Sjors en Sjimmy efterop, de iene swart, de oare wyt, fan in multy-kulty-debat wie noch gjin sprake.… Lês fierder

Ulke Brolsma

De reade rochels fan Sunil

logo.ensafh

Der komt in moaie wite auto it hiem op. Myn taksy, in echte Ambassador, moaier is der hast net yn Yndia. In model dat yn 1954 útfûn is en noch hieltyd makke wurdt. Ministers ride der yn, gewoan folk en no ik. It spielt, in wolkbreuk. It is de earste fan in hiele rige reinbuien dy’t Tamil Nadu, de súdeastlikste steat fan Yndia, wikenlang teisterje sille. En ik wol gewoan nei in oar plak dêr’t it miskien noch droech is. Mei de taksy, mei de Ambassador.
Hastich wurde de koffers ynladen. As ik neist de sjauffeur sit, klear foar de start, docht er de doar efkes iepen, jout in flinke rochel en spuit in moaie straal read sop, paan, de strjitte op.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Rypma op ’e fyts

logo.ensafh

Foar my leit Gerben Rypma – de keunstner fan it dûbele krús, skreaun troch de dichter Eeltsje Hettinga. Nee, ik haw it net kocht, mar liend by de byb fan Tresoar, ik wie de earste neffens my. It boek, útjûn troch de Gerben Rypma Stifting, sjocht der kreas út. Moai grut formaat en prachtich reprodusearre keunstwurken.

Rypma (1878-1963) wie in apart man. No binne der wol mear fan sokken, mar it byld fan de iensume dichter/skilder yn syn selsboude hutte oan de Brekken sprekt fansels bot ta de ferbylding. Dizze kant fan Fryslân wie foar my oant oardel jier lyn folslein ûnbekend terrein.… Lês fierder

Jelma Knol

Och heden ja, gyng dat doe sa

logo.ensafh

De lêste snie-en-iisperioade haw ik mar werris brûkt om in histoarysk riedseltsje op te lossen. Binne de prinskes yn de Tower echt fermoarde troch Richard III of is ien fan harren, Richard fan York, it jongste soantsje fan Edward IV, dochs ûntkommen? En hoe is dan syn libben fierder ferrûn? De histoarika Ann Wroe, skriuwster fan The perfect prince, set in yntrigearjend byld del fan de tiid tusken 1475 en 1500. It is in moai skreaun boek, oer Edward IV en de earste Tudor-kening, Hindrik VII, dy’t as in spin yn it web alle bewegings yn ’e gaten hâlde dy’t syn nij ferwurven troan bedrigen.… Lês fierder