Literêr Sirkwy, Poppenwier 24-10-2010. Muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin
Sjoch foar mear filmkes fan dit barren by Omrop Knilles… Lês fierder
Literêr Sirkwy, Poppenwier 24-10-2010. Muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin
Sjoch foar mear filmkes fan dit barren by Omrop Knilles… Lês fierder
Ynienen ferdwynt it skerm fan myn kompjûter. Dat wol sizze, it skerm is der noch, mar troch in oalje-eftich gerdyn fan smoarge reek kin ik neat mear sjen. Sa yn ien kear! Op de taast set ik op de doar fan de ynternetwinkel ta. En mei my de oare klanten. By de doar stiet in apparaat dat sûnder ophâlden de saak folpompt mei dy goare reek. ‘Dengue.’ seit immen tsjin my. New Delhi besiket de luzige lytse mich út te moardzjen, de hiele Asarkan Road ferdwynt yn in mist fan de killer-reek. It is ien fan de twa ferskrikkingen dêr’t ik yn New Delhi mei fan krijen haw: de dengue en de Commonwealth Games.… Lês fierder
Anneke van Renssen
Pepsels
Tsjintwurdich binne wy nochal kritysk op ekstraatsjes. As wy alris sûndigje dan moat it wol lekker wêze. No hienen wy ússels tastien dat wy yn ‘e fakânsje sa no en dan wol wat ekstra’s hawwe mochten. In kilootsje derby soe net sa slim wêze. Dat bist mei in wike goed oan ‘e lijn dwaan wol wer kwyt. It gong oars. Benammen yn Bosnië die bliken dat de gastronomy dêr neat om ‘e hakken hat. Gjin hearlike patees lyk as yn Frankryk. Gjin Italjaanske gorgonzola en gjin fantastyske chorizo’s út Spanje. Yn de skraach te finen supermerken yn Bosnië wie hast neat te krijen.… Lês fierder
Ik bin foar de arbeiders en de gewoane wurknimmers en ik bin tsjin oandielhâlders, bankdirekteuren, bedriuwsbestjoerders, kommissarissen, managers en politisy dy’t it om jild en besit te rêden is.
Ik stean oan de kant fan de minsken dy’t yn de maatskippij net meikomme kinne.
Ik ha dêrta in nije politike beweging oprjochte, in beweging dy’t spuit op en striid tsjin it allerhillichste útgongspunt fan hjoeddedei: winst meitsje, mear garje as nedich is.
Myn beweging wol ta op in goed en ienfâldich bestean foar elk minske.
Wannear hat men in goed bestean? As jins sosjaal libben – it op in beskate wize meidwaan yn it maatskiplik libben, it meidwaan oan guon ferdivedearjende en aardige saken – net yn ’e wei stien wurdt troch earmoede.… Lês fierder
in goeie amtner wurde wie wat ik soe
in goeie dichter wêze dat wat ik woe
lykwols beide wurde krige ik net klear
dat út it ambt de dichtkeunst luts my mear
myn frou sei oeral besteane wy noch wol
en mear as ien hie my sûnt op in pypfol
wachtsje no even mei dyn spot en ôfgriis
ik hannele sjoch net ûnberet mar wiis
immen dy’t blommen oanset mei syn pinne
harsens dy’t yn snie bylden snije kinne
mei wrâldske saken belêste is net tûk
it is krekter sein ûneigentlik gebrûk
ik kin better mei tûzen boeken sitte
my deis mei de wizen út ’e âldheid mjitte
in tekoart oan goeie amtners is der net
fan ien as my ha se wiswier gjin ferlet
út: gemoedsuteringen, trije gedichten
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.… Lês fierder
‘Wat binne der doch bysûndere minsken op ‘e wrâld,’ tocht ik, doe’t ik yn ‘e kunde kaam mei Garmt de Vries-Uiterweerd. Hy skille my op mei fragen oangeande syn plan en lit in Fryske oersetting meitsje fan Le Tour du monde en quatre-vingts jours. Oft der in Frysk wurdboek wie. Ja, dat wie der. Hoe koe hy deroan komme? Hy koe it bestelle by de AFUK. De AFUK? Ja, op ynternet te finen op afuk.nl. En sa mear oer mooglike oersetters en oer subsydzjemooglikheden.
En letter skille er my nochris mei de fraach wat de regels wiene foar Fryske wurdôfbrekking, dat doe stjoerde ik him in scan fan de rillevante siden út Rienk de Haan syn griene boekje foar it Frysk Mei freonlike groetnis.… Lês fierder

God nimt, de duvel hellet.
Beide kearen bist der net mear.
Tekst: Hindrik Wiebe Rinzema & Geart Tigchelaar
Yllústraasje: Hindrik Wiebe Rinzema… Lês fierder