Piter Boersma

It Fryske literêre libben (4): In man fan tachtich om jin oer te besauwen

logo.ensafh

Wat in idee om de Fryske literatuer wei te setten tsjinoer de Nederlânske literatuer. Dat docht Durk van der Ploeg yn in fraachpetear yn de Ljouwerter krante fan 3 septimber 2010 by gelegenheid fan syn tachtichste jierdei: ‘It nivo fan de Fryske literatuer is folle leger as de Nederlânske. Dat begjint al by de taalbehearsking. De taal yn Fryske boeken is folle earmer, de skriuwers hawwe har eigen taal noait goed leard.’
De earste sin is ûnnuansearre. Dat fan dy taalbehearsking is bull-shit. De begjinsituaasje fan in Fryske skriuwer is net optimaal, mar is er ien kear oan it skriuwen dan groeit er yn syn behearsking fan it Frysk en de feardichheid om him der yn út te drukken as koal.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Jan Kleefstra: ‘Ik neam mysels mear muzikant as dichter.’

logo.ensafh

jankleefstra

Jan Kleefstra (1964) is berne yn Akkrum en hat dêr altyd wenne. In jier as fyftjin lyn is er begûn mei it skriuwen fan deiboekfragminten, foarmleaze ferhalen. Hy woe dêrmei de lêzer twinge om muoite te dwaan om te ûntdekken wat er ûntdekke wol. Dizze fragminten binne publisearre yn in literêr tiidskrift. Jan krige der goede reaksjes op, mar ek de krityk dat er te folle fan syn lêzers freegje soe. Hy is dêrnei begûn mei it skriuwen fan fragminten yn dichtfoarm, earst yn it Nederlânsk. Yn 2003 kaam syn earste bondel ‘Stem van de stilte’ út, in gearwurking mei seeskilder Minne Onnes.Lês fierder

Eric Hoekstra

Pake Sytse op ‘e Feanhoop: natuer fersus kultuer

logo.ensafh

Do bist wat weak, jonge, do hast te min fermogens. Do silst moarnier fuort oan it gulle fet. En in flesse levertraan sille wy ek foar dy keapje. Soe der noch levertraan wêze?
(Pake Sytse)

It is wer de tiid fan de iepenloftspullen en dan swaarmje de resinsinten fan Ensafh machtich as miggen út oer ús skoandere Fryske lân en skôgje kritysk en objektyf de kreative produkten produsearre en betelle troch it Fryske folts. Alsa krige in tillefoantsje fan de haadredakteur dy’t my hiet om freed op de Feanhoop de foarstelling fan Pake Sytse by te wenjen. Tsjinakseljen fan myn kant holp net, mar trije frijkaartsjes waarden my oer de post tastjoerd.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma: ‘Wêrom net?’

logo.ensafh

Hidde Boersma komt nei syn poëzijdebút De rop om Doede, dêr’t benammen it lyknammige gedicht in soad bekendheid fan krigen hat, no mei in ferhalebondel. It Doedeisme dêr’t De rop om Doede yn persoanifisearre wurdt, krijt alhiel syn gerak yn Fol túch de mist yn.
It Doedeisme is sa’t de achterkant fan it boek fermeldt: ‘de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak.’ It kredo ‘wêrom net?’ is de ik-persoan op de lippen bestoarn. Mei sa’n libbensynstelling kinne je mei fol túch de mist yn, sa’t de titel al oanjout. Mei oare wurden, je sjogge wol wêr’t it skip strânet, en fan dêrút sjogge je wol wer fierder.… Lês fierder