Willem Winters

Sebrafinken

logo.ensafh

Wat in grouwélige idioaten om yn in drok kafee in kouwe mei 50 sebrafinken iepen te setten. Mei de dronken kop!
Sebrafinken noch wol. Sebrafinken binne de leafste fûgeltsjes dy’t ik ken.
Froeger al, doe’t ik noch op skoalle gong, hie ik in pearke yn in foliêre makke fan in âld dressoir. Dy bistkes wiene altyd sa tierich, it wiene ek hiel goeie brieders. Yn in omsjoch hiene se in nust mei aaien, gongen der om bar op sitten en dêr kamen de jonkjes al.
Prachtich fûn ik dat hiele proses.

Neffens de krante, it wie febrewaris, hie de kafeebaas de finkjes loslitten.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

It komt fan de maitiid.

De nije ôflevering fan ensafh is der wer. En der binne noch Fryske skriuwers genôch om sawol libbene en nijsgjirrige ôfleveringen foar ensafhynternet en ensafh op papier te meitsjen. It is sels sa dat der troch dy twa ensafhmedia folle mear publikaasjeromte foar de skriuwers is as in pear jier lyn.

Sa net, soms slacht de panyk dochs even ta, dan tink je, ha wy noch Fryske skriuwers en dichters fan tusken de 20 en 30. Op ’t stuit oppenearje har mar ien twa. Miskien binne der mear mar ensafh merkt dêr de lêste tiid net folle fan.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Diehard

logo.ensafh

ik ha om wurdmennich socht
  mar swij mar by de stien
en sa te stean hjir noardwestlik
  nei it easten alle stiennen stean

ik skriem net om de teksten noch
  om al dit granyt lit ik myn trien
en no alle nammen tweksit
  út it easten wei gjin wizen gean

ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
  dat achterlit as tonkje fan fjoer
rjocht ûnder ’t ferlitten krús

ik tink mei nocht oan jo himelfeart
  mar dat ik as koekje jo droech
brekt my it kâld swit fan út… Lês fierder

Hindrik Spin

Gjin langjen noch praat der fan

logo.ensafh

Wa’t alle langst opjout, alle bining
oan besit of eigenikkigens, fynt frede.

(Eric Hoekstra op www.ensafh.nl 25 o/m 28)

Do hingest mei de snút yn ‘e sjitpot om
En om lucht ferlegen bist, dat ik slaan
As in ûnbeskaafdenien mei de flakke hân
Rea plak dy op ‘e frêle rêch, in jaan

As is ’t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk
Jasizze op de earste fraach fan dy:
As ik dy wat freegje mei, mei dat?

Mei fansels, want tsjinakselje ja hoesa
Yn ’t begjin fan dit loftich petear, op syk nei
De húsfrede en op it kokhalzjen nei fan dy
En trije kear dyn prústen foar moai waar?… Lês fierder

Teake Oppewal

De Nije biblioteek en de merk antikwarysk beskikbere Fryske boeken -update

logo.ensafh

Earste reaksje (pleatst op 16-05-2010)

De bydrage fan Sigrid Kingma en in groep oare studinten oan ensafh op 30 april 2010 oer de Nije biblioteek ropt de nijsgjirrige fraach op oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it printing-on-demand-konsept (pod) fan de Nije biblioteek. De toan fan it stik is wolwollend-skeptysk.

Tagelyk fernimt men de wrakseling mei de lytsens fan de Fryske wrâld. It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.… Lês fierder

Willem Winters

Peallen

logo.ensafh

Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?

Yn de barm fan ’e Noardersingel, hoeke Spanjertsleane leine op in moarntiid de ûnderdielen fan in nij keunstwurk.
It is troch de gemeente Ljouwert oan de buert skonken en makke troch Ivo Nijering út Beetstersweach.
Hy betocht in konstruksje dy’t mei losse ûnderdielen – lykas Lego – nei alle kanten út te wreidzjen is. In soarte fan prefab-keunst fan fersinke izer, mei in pear flappen en in skeane kant mei in bytsje ovale plaat.
Mei bouten kinne de peallen ferbûn wurde.… Lês fierder