Atte Jongstra, Jacobus Q. Smink

Boarstwolkensbyld by Burdaard

logo.ensafh

Beantsje Bibberich! Boarstwolkensline Boppe
Burdaard Belûkt. Bôge Bezich Buie Bydel.
Babyboarstwolkens Bolblaasd:
Bestindich Bang Burdaard Bringt Bleu &
Benaud Boarrel & Boarrel & Boarrel
Binnen. Benevele Burdaard Bibberet
Beneare By Boarstwolkensbyld

Bistich Beweechlucht Beoardere By
Bêdtiid. Brys, Buistjit & Buislach. Bjirk
Brekt, Boek Brekt, Boas Brûswetter, Bar
Brakke Boarstbreuk Blaast Broas
Beboud Burdaard Binnen.

(Oersetting: Jacobus Q. Smink)Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 29

logo.ensafh

Poëzy

De oarspronklike poëzy yn dit nûmer is fan Hindrik Spin en Jacobus Q. Smink.

Spin dichtet:

As is ’t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk

Smink seit dit:

ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
dat achterlit as tonge fan fjoer

Kollums

Yn syn kollum ‘Ynienen tocht ik it’ skriuwt Skermer: ‘Ik hoech dêr net te farren, want it is dêr net sa as it yntinsivearre byld dat ik yn ’e holle ha.’

Willem Winters hie it even nuver yn ’e holle (‘Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?’),… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Marsliet

logo.ensafh

Soldaat, wy ha in hechte bân,
myn neiste yn ’t gelid;
wy hawwe hûn noch krie, ha neat,
gjin frou, in gâns ferlitten steat,
in hierling hat gjin heitelân,
wy rinne yn ’t gelid.

Soldaat, do bist myn kammeraat,
de fijân siket tige;
ferskeatst dyn lêste pylk te wyld,
dan sikest skûl ûnder myn skyld.
Soldaat, do bist myn kammeraat,
myn neiste yn ’e rige.

Soldaat, do bliuwst myn kammeraat,
binne ús bonken wyt, ik wit
de moanne skynt giel op ús del,
in aap sa no en dan skreaut skel;
wy bliuwe nei de dea soldaat,
op ’t slachtfjild yn ’t gelid.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Zen en wa’t oer my giet

logo.ensafh

Alle kearen hat er jin te fiter; Piter Boersma komt mei wer wat ûnferwachts oansetten. Kwalik ien sjocht it oankommen, mar as dizze dichter wat yn ’e plasse hat, sil it der útkomme ek. As lêzer fan syn nijste bondel, Stjoer de strjitmakker (Hispel, 2010), meitsje je op alle siden wat fan in ûntregeling mei yn ’e gedichten, dy’t allegear fan it perspektyf út wei fan dingen, ferskynsels en planten skreaun binne, op ien ‘fleislik’ fers nei:

it kût

fan har oannimlik stal
binne wy it
dy’t har foar him
opwinend meitsje

ik bin stevich
mar net oerdiedich
krekt goed
kin belykje
seit er tsjin har
de kûten fan de frou
dy’t er as skoaljonge
yn it middeisskoft
op ’e nijstêd rinnen seach
mei har galant

ik bin grutsk as in pau
op syn útsteande fearrepracht

s.… Lês fierder

Gareth D. Jones, Janneke Spoelstra

De hûn syn bêste freon

logo.ensafh

Iensumheid wie in begryp dat Alf net koe. Ja, hy wenne allinne, mar hy hie noait ferlet fan minsklik selskip hân of field. Der wiene oaren dêr’t er hinne koe en mei prate koe as dat nedich wie. Tûzenen oaren eins, net sa fier nei it noarden yn it stedsje Pallas. Hy hie dêr ien of twa kear west doe’t er jong wie. No ja, net echt dêre. De gedachte oan safolle minsken hie him wjerholden sadat er wachte hie oan ’e râne fan it stedsje om te praten mei de earste de bêste persoan dy’t er allinne seach. Dat wie foardat er goed leard hie om syn eigen klean te meitsjen en dêr help by nedich hie.… Lês fierder

Skermer

Ynienen tocht ik it

logo.ensafh

Ynienen tocht ik it.
Ik wie de jûns nei iten mei de auto nei de krite riden dêr’t ik om ’e twa moanne wol in kear kom.
Feangrûn, wetter, reid.
Ik wit net oft myn gedachten doe bewust op syk wiene nei wat.
Wol is it sa, dat as ik dêr bin alles yn my wagewiid iepen stiet. Ik fiel my dêr net gewoan.
Mar ynienen tocht ik it.
Ien fan ’e dingen dy’t ik altyd doch is op ’e polderdyk fan ’e brede Langesleat stean, dêroer en oer de djippe polder oan ’e oare kant hinne nei de dizige wylge- en elzeboskjes fan ’e wetterwrâld fan ’e Alde Feanen dêrachter sjen.… Lês fierder

Jaen

Fryske jonge

logo.ensafh

Hy stapt by de kroech út ’e bus
in jonge draaft it kuorbalfjild út
want syn broer komt thús nei
twaenhealjier en in stikmannich
brieven út Ynje, in mem dy’t

tocht en sein hat: ‘Dy sjogge wy
net wer,’ krijt op deselde dei
har soan werom as dat se in
suster ferliest, it moat mar sa
treffe, in spandoek oer de reed

‘Wolkom Thús’, 30 april 1950
korporaal …stra swaait ôf

en krijt in pear wike letter
malaria, wat er dokter sels
fertelle kin, want hy hat it
earder hân en tyfus ek

‘Ik wie soldaet yn Ynje’
it fotoboek dêr’t tweintich jier
letter de bern har mei fernuverje

de maten dy’t dêr bleaun binne
de maten dy’t him opsykje
de maten dy’t hy opsiket
nei tritich jier, nei fjirtich jier

nei fyftich jier wize de pakesizzers
nei de wajang-pop op it dressoir
de soldatekiste fol boartersguod

wat er fertelt en wat er net fertelt
of krekt nei hast sechtich jier, de
patrûlje dy’t ferdwaald wie yn ’e
jungle, jonges noch mar amper

oankommen en mei in ynlanner
ûnderweis nei in oar kamp, de
patrûlje dy’t al opjûn wie, mar
dy’t hy, Fryske jonge, mei

allinne legere skoalle en in pear
jier lânboukursus mar wol de
kaderskoalle dien yn Harderwyk
nei fjouwer, fiif, seis dagen, en

nachten, op it kompas
út it oerwâld werombrocht
it hiele kamp rûn út doe’t se
mei in stik burd om ’e kop en
smoarch en ûngedien en mei de
honger yn ’e hals weromkamen
en de heechste offisier tsjin him sei:
‘Kerel, wat ben ik blij dat ik je weer zie!’… Lês fierder