Myn namme dat is Yannos Ber,
gjin stikeltried dat my noch keart,
’k sammelje moed, flechtsje foargoed,
op wide wjokken bin ik ûnderweis nei hûs
op wide wjokken bin ik ûnderweis nei hûs.
Jou my iten, jou my klean,
’k ha noch sa’n lange wei te gean,
rik my jim hân, fier oer it lân,
de wyn dy draacht my want ik wol sa graach nei hûs
de wyn dy draacht my want ik wol sa graach nei hûs.
O kristenminsken hear myn stim,
en wit dat ik gjin moardner bin,
leau mar gewoan, nim fan my oan,
’k bin op ’e flecht omdat ik gjin minsken deadzje koe
’k bin op ’e flecht omdat ik gjin minsken deadzje koe.… Lês fierder