Eric Hoekstra

Bhagawad Gita (01)

logo.ensafh

It Liet fan ús Hear

Bhagavad Gita

It Boek fan ’e Yoga

Ynlieding

Koe Skermer in wykmannich ferlyn yn in kolumn op ENSAFH skriuwe dat der neat út de Bhagavad Gita nei it Frysk oerset is – troch in lokkich tafal wurdt er op syn winken betsjinne – ik wie der doe krekt mei begûn.

Romrofte teksten, en fral religieuze teksten, binne oergroeid mei troch tradysje of ortodoksy oerdroegen oardielen, foaroardielen of minder relevante ynformaasje. De ideale lêzer wol de tekst as tekst bedjipje, mei help fan alle nuttige ynformaasje oer de kultuer dêr’t it yn ûntstien is. Om in tekst te begripen brûkt er syn subjektive, minsklike ûnderfining as helpmiddel: de minske is de maat foar de minske.… Lês fierder

Willem Winters

De comeback fan Joris

logo.ensafh

Nostalgy oerweldige my by it berjocht dat Joris Driepinter syn keunsten wer fertoane sil. ‘Joris Driepinter maakt zijn comeback,’ stie yn ’e krante.
In sterk stikje om sa’n ‘fiktyf karakter’ fan sa’n 50 jier ferlyn wer op te heljen. Der wiene bekende nammen by de berte fan Joris belutsen. De Deen Ib Antoni Jensen [1929- 1973] die de foarmjouwing, wylst it idee fan Dimitri Frenkel Frank kaam.
Trije pinten molke deis makken fan Joris in Superman, hy koe de hiele weareld tille.
Trije pinten, dêr kamen wy yn dy krappe jierren net oan ta, ik ha dan ek nea útblonken yn it tillen fan swiere dingen.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 25

logo.ensafh

De libbensbeam fan de Fryske literatuer:

‘En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe. Krekt, de debutanten.’ (Edwin de Groot)

‘Mar fansels bin ik wol besibbe
oan it dei fan in bakker’ (Teije Idzardi)

‘De krokus giet iepen, wis, mar stel jin in massagrêf foar.’ (Piter Boersma)

‘Sa prakkesearjend oer deistige wichtige saken kamen der mear âlde reklamefigueren boppe driuwen dy’t sa wer fertuten dwaan kinne!… Lês fierder

Teije Idzardi, Edwin de Groot

Sorry, âlde dichter (by gelegenheid fan it Literêr Sirkwy)

logo.ensafh

Edwin de Groot, presintator Literêr Sirkwy: 28 maart is de lêste ôflevering fan it Literêr Sirkwy, edysje 2009/2010. Yn Drachten. Dan sit it der foarearst wer op en sil der troch it Skriuwersboun sjoen wurde nei hoe’t it yn ’e takomst fierder moat mei dit “ynstitút”. Want bliuwe moat it Sirkwy wol fansels. It hinget no tefolle op ien/twa persoanen en dat is te krap, te kwetsber. En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe.… Lês fierder

Piter Boersma

De sinne twingt

logo.ensafh

De krokus giet iepen. De hân giet omheech en komt del. It slachtoffer is de ûnskuld sels. Under de de ferblynjende sinne. Reek stiicht op út ’e púnheapen. Der wurdt socht mei it swit op ’e rêch. Twa stean tsjin inoar te razen. Der sneuvelt fan alles. Under de sinne, dy’t it libben der yn hâldt. It libben dat fermoardet, it reprodusearjende libben. De sinne ferdriuwt de nacht, it lampeljocht dat falt op it yn stikken snijde lichem, op ’e driuw om te pinigjen, te ferneatigjen, te deadzjen.

Wis, de krokus giet iepen, mar de frou dy’t foar de kamera de programmamakker frank en frij oansjocht, rêstich har krityk uteret.… Lês fierder

Skermer

Ik wit it even net

logo.ensafh

Ik nim myn taflecht ta it boek Straw Dogs. Thoughts on Humans and Other Animals fan de Ingelske filosoof John Gray. Sa net, ik lês it yn it Nederlânsk en ik sitearje der wer út yn it Frysk. Ik stap fan wolk op wolk en dat wylst ik it even net wit. Ik moat goed útsjen, my konsintrearje. As sit ik achter it stjoer.
Yn it haadstik ‘Wierheid en gefolgen’ stiet:
‘Humanisten leauwe dat wy, as wy ien kear weet ha fan ’e wierheid, frij wêze sille. Troch dat te befêstigjen ferbyldzje se har dat se wizer binne as tinkers út earder tiden.… Lês fierder

Willem Schoorstra

BoekeBol kollum fan Willem Schoorstra

logo.ensafh

Net stinne mar beminne

Lit ik út ein sette mei te sizzen dat Reve, hij rustte in vrede, in geweldich skriuwer wie; foar it neist, mei Arnon Grunberg, de grutste fan de Lege Lannen. Dat der omtinken is èn wêze moat foar de man en syn wurk kin ik allinne mar ûnderstreekje. Lykwols fyn ik it spitich dat soks krekt by sa’n gelegenheid bart. De knypeach nei eardere boekeballen is der, en it hie te priizgjen west as ek sa’n dei folslein yn it teken fan Frysktalige literatuer stien hie. Want dat sok omtinken skraal is mei yn it algemien bekend wêze: dêr wurdt op it heden in ferdomd lyts bytsje oandacht oan bestege.… Lês fierder