Skermer

De kearn

logo.ensafh

Wannear wurd ik optild? As ik yn in museum of in teater bin. Museums en teaters binne foar my bûten it lânskip de ultime romten, ik soe der alle dagen wol wêze wolle.

In pear wike lyn ha wy yn it Posthûs op it Hearrenfean nei in foarstelling west fan De Kern, myn frou en ik komme graach by in stik fan dat selskip. In tal jierren lyn kaam myn frou mei it útstel om nei harren foarstelling oer de non Hildegard von Bingen ta. Wy wiene beide ûnder de yndruk en sûnt komme wy geregeld by de Kern, dy’t yn Fryslân alle jierren alinne it Posthús oandocht.… Lês fierder

Edwin de Groot

Niks net koart op ‘e siken!

logo.ensafh

Mei syn bondel Neigeraden it Noarden hat Eppie Dam bot yndruk op my makke.
‘String tematysk en ienkinnich griis’, sa wurdt dizze foargonger fan syn nije bondel Blausucht troch de útjouwer Fryske Pers Boekerij omskreaun. No, dat grize hat my aardich rekke. Moai griis is ek griis, no. It makke my nijsgjirrich nei de opfolger.
Neffens de tekst op it omkaft fan Blausucht hoech ik no net te rekkenjen op string tematysk en ienkinnnich griis. ‘Blausucht hat de bûntens fan in keppel hoantsen. De dichter skriuwt oer syn relaasje ta tiid en ferline.’ En ja, it earste gedicht ‘Hoantserid’ lit oan kleur neat te winskjen oer:

Hjir liet in skilder syn palet
en groeiden út ’e ravaazje
fan kleuren tûzen fearren.
Lês fierder

Arthur Rimbaud

In Seizoen yn ’e hel / Une Saison en enfer

logo.ensafh

(út de earste titelleaze ôfdieling)

VIII

Genôch! Dit is de straf. – Foarút!
Aaa! de longen stean yn brân, de sliepen bûnzje! de nacht rôlet my troch de eagen, ûnder dy sinne! it hert … de lea…
Wêr giet it op ta? op ’e slach? Ik bin swak! de oaren rinne troch. It ark, de wapens… de tiid!…
Sjit! sjit op my! Toe! of ik jou my oer. – Skytsekken! – Ik meitsje my fan kant! Ik smyt my foar de fuotten fan de hynders!
Aaa!…
– Ik wen der wol oan!
Dit wurdt it libben op syn Frânsk, it paad nei ear en rom!… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Pomnet

logo.ensafh

pomnet-ruurdtsje-de-haan

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.

De redaksje noege besikers fan ’e site út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.

Andries Miedema hat him al ynspirearje litten ta in sonnet, mar folge it skema, ek it rymskema, fan Van der Sloot net, dat die likemin de fjirde ynstjoerder Ferdinand de Jong en dy naam ek frijheid wat it tal wurdlidden yn ’e rigels oanbelanget.Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy nei oanlieding fan it aaisonnet fan Koos van der Sloot
(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh-side it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.
De redaksje noege besikers fan ’e ensafh-side út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.… Lês fierder