Hindrik Spin

Yn sokke sokken byt de sokkebiter

logo.ensafh

En dat is oars net sa swiere slim
Mar mei ús teannen der noch yn, h’m
No, dan witst fan tinken bêst
Sok in sokkepassy is sok in lêst

De sokkebiter sit ûnder de taffel
Fan elkenien mar benammen by ús
Sitte we oanklaud mei dizze waffel
Sokkebiter ha ’k tocht wat in krús

It kin gâns in skoft duorje, jawis
Ear’t de sokkebiter der efter is
Dat sokkebite in minne professy is
Dat der oars wat om yn te biten is

Dat feintsje dat dêr no yn sokken byt
Fan keallekeapman of dyn sok
De klompsok fan d’ âldman, sokken ek
Dat feintsje dat dêr no yn sokken byt

Noch gjin aan fan kraak en smaak
Mar fan swit en plúskes wit er aanst wol
Sokken ha de eigenskip wol
Mar dy knobbelteannen, jakkyblaak

Dat op in oaie dei dan is ’t oer
Mei sokkebiten, hoe’t it sit
Stiet net krekt beskreaun mar wat oer
De buorren giet is wat elkenien wit… Lês fierder

Jouke Hylkema

Ezzemesse-aaisykjen

logo.ensafh

Tomke besiket fergees de toetsen fan syn mobyl yn te drukken. De hannen fan ’e âldman binne trochiere mei smoargens, it binne foarse hannen fan immen dy’t in libben lang by de boer wurke hat. It yl fan it jierrenlange bodzjen sit as plamuerkessentsjes oan ’e binnenkant. De fingers binne troch de jierren hinne suver opset as woarsten.

‘Wol it net?’
‘Nnn…nee..e, nnnet echt!’
‘Sil ik oars eefkes it berjocht yntoetse?’
‘Nnno… Jjawo… hear… Ttt..omke hat sok ke tsss… jokke ffingerss…’

It begruttet my ek wol wat om ’e âldfeint. Hellet er in nij mobyltsje út ’e winkel en dan docht bliken dat er net iens de funksjetoetsen yndrukke kin by it ezzemessen.… Lês fierder

Willem Winters

Muybridge, it boek

logo.ensafh

Fan in freondinne krige ik in bysûnder boek.*) Dêryn wurdt útlein hoe’t Eadweard Muybridge [1830-1904] yn de 19e ieu wichtige eksperiminten útfierde om de kennis oangeande de bewegings fan bisten en minsken te fergrutsjen. Faak geane bewegings te fluch om mei it bleate each waarnimme te kinnen hoe’t it presys ferrint. It soe begûn wêze mei strideraasje oer in fjouwerjend hynder. Neffens de iene kaam er los fan ’e grûn. In oar miende dat dit gesichtsbedroch wie, dat in fjouwerjend hynder altiten wol mei ien poat fieling mei de ierde hold.

Muybridge soe útmeitsje wa’t gelyk hie. Hy makke fotografyske opnamen mei in hiele batterij kamera’s, dy’t elk in stikje fan ’e beweging fêstleine.Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de fyfde digitale ôflevering, de earste dy’t net mear op ’e âlde Farsk-side ferskynt. Wy binne bliid dat de nije webside fan ensafh no einlings online is.

ensafh is it nije tydskrift dat ûntstien is út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Sjoch dêrfoar ûnder it menu

Abonnemint.

Yn dizze ôflevering wat de poëzy oangiet in boartlik fers fan Hindrik Spin en it ferfolch fan de publikaasje yn ôfleveringen fan in projekt fan de dichter Andries Miedema.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 5

logo.ensafh

Dit is de fyfde ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3 en 4 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Edwin de Groot

De Divina Commedia fan Dante oerset yn it Frysk

logo.ensafh

It jier 2009 is al aardich op streek. De maaitiid mei alle fuortplantingsargewaasje lit him wakker sjen en wat die ik? Ik lies oer hel en faaiefjoer yn De Godlike Kommeedzje, de Fryske oersetting fan Dante syn La Divina Commedia.

Yn ’e earste helte fan de 14e ieu beskreau Dante Alighieri mei dit epos yn trije ‘skiften’ fan elk 33 gedichten (canto’s) syn spirituele reis troch de hel, it faaiefjoer oant en mei syn reisdoel: de himel. Elke canto bestiet út foech 100 terzinen (trijerigelige strofen).
3, 33, 100: foer foar de getallesymbolisten. De trije as symboal foar de Hillige Trije-ienheid, 33 wie de leeftyd fan Jezus doe ’t er stoar en 100 is in getal dat perfeksje symbolisearret.… Lês fierder

Skermer

Foarbyld fan in ideale literêre tekst

logo.ensafh

feng-shui t’ai-chi ch’üan ch’i-kung I Ching Tao Te Ching Chuang-tzu Lieh-tzu fang-shih ch’i Tao Te wu-wei yin yang Hua-hu ching chiao Han Wu-ti nei-chuan Huai-nan-tzu Lieh-tzu Pao-p’u tzu yiian ch’i T’ai-p’ing ching Hsiang-erh yin ch’i yang ch’i wu-hsing feng-shui chia-tzu hun p’o ch’i-kung t’ai-ch’i

Ik hie it al tocht ‘ming’ betsjut ljocht.

By de uterlike algemy kontrolearje deskundigen de tiid om it suverjen fan ’e materialen dy’t ûnstjerlikens skinke flugger gean te litten. By de inerlike algemy wurdt de stream fan fitale stoffen yn it lichem omdraaid om it ferstriken fan tiid en de gefolgen dêrfan om te draaien en sadwaande werom te gean nei de steat fan ien dy’t krekt berne en fol mei libbenskrêft is.… Lês fierder