Rieuwert Krol

Wat no: wer in konformistyske Riemersma?!

logo.ensafh

Riemersma is de ferneamdste skriuwer fan Fryslân. Hy wûn mei syn magnum opus De Reade Bwarre de Gysbert Japiks priis en begûn syn karriêre as skriuwer mei Fabryk yn ’ ’e jierren sechtich. Syn hiele oeuvre lang boartet er mei de ferwachtings fan de lêzer. Noch altiten skriuwt er gjin ‘gewoane’ romans, al wolle sommigen hawwe fan wol. En al liket er mei dizze novelle tichter by ‘gewoane’ romans yn ‘e buert te kommen as ea. Op it earste gesicht liket de lêste novelle fan Riemersma in gewoan ferhaal: der wurdt net mei fertelstim, fokalisator of mei oare eleminten út it ferhaal boarte, sa as de lêzer fan Riemersma wend is.… Lês fierder

Skermer

Is der in wei werom?

logo.ensafh

‘It kin noch oars,’ sei er.
Ik skodholle.
‘Nee?!’ skeat syn stim út.
‘Yn dit gefal net. En moatst it net iens wolle.’
‘Yn dit gefal dus net, seist, en moatst it net wolle.’
‘Wy litte ús meinimme troch in stim, in rop.’
‘Kinst altyd nee sizze.’
‘Ast dat dochst stietst oan ’e kant.’
‘Soe ’t? Is dat net fatalistysk?’
‘It is de wierheid.’
‘Hast it rjocht om te wegerjen!’
‘Wat seit dyn liif?’
‘Myn liif wol net.’
‘It is allinne mar ferset.’
‘Soe ’t?’
‘Fielst datst mei moatst. It is dy oansein en hast der neat tsjinyn te bringen.’
‘Soe ’t?’… Lês fierder

Eric Hoekstra

Waatze Gribberts Brulloft 3

logo.ensafh

(Dit is de tredde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)

Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)

O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?

Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Take These Chains From My Heart

Long Gone Lonesome Blues

Op dizze ôflevering in fraachpetear dat Hidde Boersma hâlden hat mei Cornelis van der Wal oer syn novelle Kening Kees: ‘Ik soe wolle dat der in politike diskusje oer kaam. En ik wol graach dat Loek Hermans it boekje lêst!’
Op ôflevering 121 stie al in besprek fan it boek troch Eric Hoekstra.

You Win Again

My Son Calls Another Man Daddy

With Tears In My Eyes

Op dizze Farsk in gedicht fan Piet Bult: ‘mar ik sjoch Him net’
Bult skriuwt oars benammen yn it Stellingwerfsk û.o. yn An de Liende.… Lês fierder

Jouke Hylkema

De jildigens fan it minskwêzen

logo.ensafh

De jildigens fan it minskwêzen.

Diskear yn Farsk in ympresje út in supermerk fan de famylje ‘Suizss’ dêr’t it alhiel in keale boel wie fan ’e wike. Ik haw krekt foar in pear miljoen euro boadskippen ôfrekkene by de kassa en tropje se yn myn rêchtas. It meast needsaaklike wat je mar betinke kinne; in pear pakken jochert dy’t al eefkes oer datum binne,músly, trije pakken sulverfluesrys, fiif appels yn in plestikpûdsje, trije bananen, en in doaske aaien fan fjouwer wike âld.
Hawar,ik mei net sangerje, ik haw wer in wike te iten. Lokkich dat ik thús ek noch wat iten yn blik haw, tonyn, salm en ananas.… Lês fierder

Piet Bult

Skimerjûn oan ‘t Nannewiid

logo.ensafh

lân wetter jûnsloft
mûnewjukken en tsjerketuorren as
passe-partout om de lêste sinne snien
it wûnder fan alle libben giet nei ’t skaad
oan d’oare kânte fan de nacht

yn de lichte dize mânlju
drok dwaande yn in boatsje
mar ik sjoch Him net
it sil grif gjin fiskers wêze

stekmiggen gean op bloed- en
sweltsjes op stekmiggejacht
in lyts boer lit syn trekker wetterspuie
oer it ûnfolwoeksen rôgefjild

it rûkt nei swiete molke en kleurde blommen
de moanne komt healwoeksen njonken my
op it bankje te sitten… Lês fierder

Hidde Boersma

De sprekker mei it ferdraaide lûd – Kening Kees en de Fryske frijheid

logo.ensafh

Fraachpetear mei Cornelis van der Wal

‘Uteinlik bin ik foar de ôfsplitsing fan Fryslân’

portret Cornelis van der Wal troch Klaas Lageweg

Under lieding fan kommisaris fan ‘e keninginne Loek Hermans hie it provinsjebestjoer fan Fryslân besletten om yn 1998 it fiifhûndertjierrich bestean fan ’e provînsje Fryslân te fieren. Ofwol, út it perspektyf fan ‘e Oprjochte Fries sjoen, de ein fan ’e Fryske Frijheid. Yn Kening Kees drukt de Amerikaanske anchorman Larry King, oer de tillefoan yn petear mei sjoernalist Eeltsje Bok, it sa út:

‘So the Frisian people are celebrating their own downfall?’ (side 71).

Dat guon Friezen mei dat ‘feest’ yn wiene, koe Cornelis net by: ‘Dat fiere je gewoan net.’… Lês fierder