Ydwine van der Veen

Joppe yn ierappellân

logo.ensafh

Joppe is de debútroman fan Hein Jaap Hilarides en ferskynd yn de rige Fryske Modernen. Lykas yn de roman Prospero fan Nyk de Vries, dy’t yn deselde rige útkaam, giet it oer it wjerfarren fan in jongeman dy’t in nije faze yn syn libben trochmakket.

De namme ‘Joppe’ wurdt yn ’e bibel brûkt as oersetting fan de namme Jaffa, in stêd yn Israël. It wurd ‘joppe’ wie yn de santiger jierren in neologisme yn de taal fan de jongerein. It betsjutte soks as te gek, cool, vet. Ik kin it wurd yn dy betsjutting lykwols net weromfine yn it wurdboek of op ynternet.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Nije irpels

logo.ensafh

I

Onder teerwolken smelte auto’s weg in ’e grize dyk
Fandaag is ’n son geboren
’t Maanlicht op ’t Iselmeer doet seer an ’e ogen

Laat ’t irpels regen, sait Falstaff, en skúl tun ’t bijgeloof fan ouwe wiven
(Wij konnen de irpel nag gyn hondert jaar)
De kooktiid fan de irpel waar tiidseenhyd fan de Inca’s

Bin ik ferhuusd deur ’n gebrek an beflieging, ’n gebrek an gare irpels?
Patat en liefde, fooral liefde foor patat, bepale de economy
Hoe wort onkruud geld?

(fragmint)Lês fierder

Jelle Zwart

Jirpels

logo.ensafh

Men seit, de jirpels fan hjoed
komme dy fan juster net benei.
Striemin, jo kinne it gjin iten neame.

Glêzich, as sjippe like glêd,
fertoarkje hja jin ta ûnnocht,
ta smots, neat gjin kôgjen nut.

Ea preaunen de earmen fan Tsjom
it goud fan ekers, droech griene
klaaifrucht ta in goed waarm miel.

De soarchmagnaten dy’t only
tinke yn produkten, de bek fol pasta
by it glês reade wyn. Sy, sy

hawwe nea in goeie jirpel sjoen
of preaun, witte net wat poerbêst
docht ta in weardich âld bestean.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Fraachpetear mei ierpeliters

logo.ensafh

Hjoed sit ik oan it waarmmiel by de famylje Borger. Hja wenje in lytse arbeiderswente earne yn ’e Bouhoeke. Heit Borger wol leaver net mei namme en adres yn dit ferslach neamd wurde want hy is in ienfâldich man en hat gjin ferlet fan bekendheid. Heit en mem Borger en harren trije dochters libje fan in lyts hoekje lân.

‘Lêsten woe der in man fan dat programma fan ‘e NCRV, Man Bijt Hond komme te ierpeliten, mar dêr hawwe wy foar bedankt. Sa njonkenlytsen wol Jan en alleman by ús delkomme.’
‘Is it wier dat jimme it hiele jier troch ierpels ite?’… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Lees ik in rjappel yn ’e grûn

logo.ensafh

I

krûp ik neist broer op kluten,
hij wol gjin boer wurde, hij
ken alle fûgels
fertelt mopkes, dy’t it lân
en de middei koarter meitsje
sees do ek es wat, seit er

is heit oan ’t opstriken
tink om spruten,
seit omke, dy’t sjout mei bakken
hinget in noasdrip
fleurich stiet it oranje
fan it rubber foar de knibbels
fan ’e krûpersbroek

komt pake de foareker del
linet er op stôk
docht er in piltsje ûnder de tonge
in skrale wyn, himet er… Lês fierder

Skermer

Ierappelbarbaar

logo.ensafh

Ik mei graach ierappels, mar ik bin gjin kenner, it wiere omtinken ûntbrekt my. Ik ferbou oars wol altyd in nustje, mar op ’t stuit dat ik se set bin ik al fergetten fan hokker ras as se binne, dêrom bewarje ik altyd it labeltsje dat oan it sekje mei poaters sit. Fan wat ik ferbou kinne wy inkele wiken ite.
Ik stopje oars net sa mar wat yn ’e grûn. Wy hâlde fan ierappels dy’t ûnder it sieden net utinoarfalle, benammen foar myn frou is dat in hurd kritearium.
Ik keapje myn poaters by ‘Welkoop’. Dy hat in briefke dêr’t de rassen dy’t se ferkeapje op stean mei in tabel mei de eigenskippen fan elk: al of net resistint tsjin ierappelwurgens, hoe betiid kinne se dold wurde, de kleur fan ’e skyl, geskikt foar klaai of sân, opbringst, wat is de kâns op skimmel yn it lof of de knol, goed of net goed te bewarjen, wat bart der mei by it sieden.… Lês fierder

Hidde Boersma

It geheim fan ’e smid – Hein Jaap Hilarides oer de driuw efter Joppe

logo.ensafh

It is fjouwer oere en ik moat noch in minút as tsien rinne fan Amsterdam Sintraal nei kafee ’t Molentje oan ’e Singel efter it Paleis op ’e Dam, dus ik kom te let.
Ut ’e fierte wei sjoch ik Hein Jaap al sitten op it terras.
‘Dou hast beld om te sêgen datst wat later waarst?’ freget Hein Jaap mei de tillefoan yn ’e hân. ‘Ik hoor ’m niet meer. Hy is fallen.’
Ik gean sitten en sjoch omheech.
‘De sinne is aanst fuort,’ sis ik, ‘miskien kinne we better oan ’e oare kant fan it wetter sitten gean.’
Oan ’e oare kant fan ’e brêge is ek in terraske en der is in taffeltsje frij.… Lês fierder