Cornelis van der Wal

Kening Kees

logo.ensafh

Kening Kees, Cornelis van der Wal(foarpublikaasje)

It folgjende ferhaal is ta ús kommen út in parallelle wrâld wei, ien fan de ûntelbere universa dy’t neist de ús bewende werklikheid besteane. Alles is dêr krekt in bytsje oars. Wat yn ús eagen faaks anagronismen lykje, is dêr hiel gewoan. En dat de nammen fan guon haadpersoanen in soad lykje op dy fan bekende Friezen, is dat dan tafal? Wy binne dêr net alhiel wis fan, der wurdt wittenskiplik ûndersyk nei dien…

Haadstik 1

De sel wie sober, mar modern ynrjochte, mei in tafel, stoel, bêd, toilet, en oan de muorre in tv-tastel. Mei in soad leven waard it lûk yn de doar iepentreaun.… Lês fierder

Abe de Vries

Ierappellân

logo.ensafh

Ovaal is it nei-de-haventeken fan de ierappel.
De Súd-Amerikaanske, medisinale soarte,
yn Ierlân in amulet tsjin de god fan de honger,
wy offerje dizze knol oan de god fan de see.

Wy jouwe him oan ’e koggen mei,
dollers’ gebeden om heil derachteroan
foar de slimste korrupsje hjir: stikkene knibbels.
Longen, oantaaste troch opstowend stof,
komme oan ’t begjin fan ’t earste fjild
op gong as in foaroarlochse trekker.

Myn neilen hawwe respekt foar de ierdwoartel,
myn hannen kegelje dermei tusken de riggen.
Dit seekritelân mei syn ierappels yn ’e drek
lês ik noait oars as in wjerspegeling
fan see yn ’e stringen.… Lês fierder

Foaropwurd 119

logo.ensafh

Dizze simmer-Farsk is in rynske ôflevering mei winliken trije ûnderdielen:

– Bydragen oer de Ierappel.

– Omtinken foar Hein Jaap Hilaides en syn roman Joppe.

– In foarpublikaasje fan de novelle Kening Kees fan Cornelis van der Wal.

Nije ierappels
Dizze ekstra simmer-Farsk is yn ’e mande mei it tredde nûmer fan it tydskrift Hjir wijd oan it tema Ierappel. Op dizze ôflevering fan Farsk stiet in seleksje fan wat yn Hjir stiet.
Wêrom it tema Ierappel? De Feriene Naasjes hat 2008 útroppen ta ‘It jier fan ’e ierappel’ en de mienskiplike redaksje fan Hjir en Farsk wie benijd wat der oan ‘ierappelgefoel’ ûnder de skriuwers libbe.… Lês fierder

Hindrik Spin

Fryslâns fryt

logo.ensafh

’Ladies and gentlemen of all countries, I come from Friesland
and that makes me feel like a potato.’

Skile, skile, sprút der ut, de earpels klear foar de panne binne
Fan mem, dy’t op it fjoer oanstiet en wakkeret yn wêzen.
Alle bern krije earpeltsje-stip yn ’e dagen fan de leppels sjú.

En op sneontemiddei en se allegear skjinwosken binne
Mei it hier yn ’e wiete kuif en de klean al oan foar it wêzen;
Dan brekt de gloarje fan de kosmos troch, yn koar: nondejú!

O earpeltsje-stip, dit haw’ wy net ferwachte, we tinke en stinne
Op de âlderdom om en wolle graach en gau wat oars yn wêzen.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Skoandere memmen

logo.ensafh

Stean nochris stil bij: www.millenniumdoelen.nl

Ik sjoch mysels wat skiterich oan, yn ’e spegel. Falbile-tiid en noch gjin kollumtema. Misskien kin ’k wat opstekke fan Trinus yn’e Ljouwerter? Hmm. It neamen fan it wurd ‘bloedbesinking’ bedjerde op in terras syn iten. In misdied tsjin it libben, begien troch twa froulju. Hy neamde se ‘âlde wiven’. Op 3 oktober 2007 ( http://www.myneigeneker.nl/KOLLUMS.htm ) hat er oars sels mýn ytlust bedoarn, mei snijpraat oer de prûm fan syn frou. Mantsje Trinus. Mar ik hoopje dat er noch hiel lang trochskriuwe mei.

Sil ik froulik werwurd jaan? Harrejasses, nee. Ik set gewoan in ûntspannend masker op, út sa’n gratis meunsterpûdsje, ik sil gjin âld wiif wurde.… Lês fierder

POËZIJ YN AKSJE

logo.ensafh
Slachtemarathon

De Slachtemarathon 2008 wie foar in tal Fryske dichters oanlieding om by Getswerdersyl protestfersen hearre te litten tsjin de oantaasting fan it lânskip yn Noardwest-Fryslân, mear yn it bysûnder noardeastlik fan Harns.

Hjir spylje yn in relatyf lytse krite in tal earnstige bedrigings, ûnder mear de bou fan in ôfjit-oven, in mooglik binnendykse nije havenútwreiding, grutskalige kassebou en boaiemdaling troch gas- en sâltwinning.

De dichters woenen mei harren aksje it rinnend publyk, dat op de Slachtedei sa genietet fan it lânskip, bewust meitsje fan dizze alarmearjende sitewaasje. U.o. Elmar Kuiper, Abe de Vries, Tsjisse Hettema, Meindert Bylsma en Edwin de Groot hawwe gedichten foarlêze.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Potsje mei aaien en nuten

logo.ensafh

Hy siet efter it buro, lies wat stikken troch en nipte foldien oan ‘e kofje. Noch in pear wike en dan wie er frij man.
Hy seach ris by it liif del: lokkich koe er noch tusken de fuotten troch de flier sjen, hy wie noch like slank as by syn oanstelling, nea de kantsjes der ôfrûn.
Sa mimere er wat troch doe’t de boade himsels oankundige mei de ynkommende poststikken ûnder ’e earmtakke, de lêste nijtsjes fan it ôfrûne wykein, wat nije agendapunten, mar boppe al in kanne mei farske kofje. De man kaam wat ûnhandich oer, hy hie wat in reade kleur.… Lês fierder