Kom der yn, sei ik
doe sto seidest: mei ‘k wat freegje
In jong en proastich hert,
skouders noch net breed fan dragen
Ik dreamde fan de Grykse tunen
dy’t wy bereizgje soene
Mar do skyldest my mei dyn wurden
keal oant op it murch… Lês fierder
Kom der yn, sei ik
doe sto seidest: mei ‘k wat freegje
In jong en proastich hert,
skouders noch net breed fan dragen
Ik dreamde fan de Grykse tunen
dy’t wy bereizgje soene
Mar do skyldest my mei dyn wurden
keal oant op it murch… Lês fierder
‘Mei dwaande te wêzen kin men gjin master fan ’e wrâld wurde.’ It stiet yn de Tau Teh Tsjing fan Lau-Tze.
Henry D. Thoreau skreau yn ‘Walden’: ‘Ik hald fan in brede boartersromte yn myn libben. Soms sit ik op in simmermoarn, nei’t ik earst in bad nommen ha, fan it opkkommen fan ’e sinne oant de middei yn myn sinnige doarsgat, ferdjippe yn dreamerij, yn fredige , mids sumaks en dinne- en nutebeammen wylst de fûgels om my hinne songen of stil troch it hûs fleagen … Ik woeks op sokke mominten as maïs yn ’e nacht, en se wiene folle better as watfoar hânwurk dan ek west hawwe soe.… Lês fierder
Ik hie dy dea oankrûpe wold
mar do wiest net mear om oan te sjen
– hieltyd dy wiuwende hân efter glês –
út ’en treuren haw ik doe
dyn lêste spoaren omheine
wa’t mar woe myn laits skonken
myn rie te ’n ein
fingerprinten mei sellotape fêstset
lookalikes wezenleas oanstoarre
oant it sykjen ferpopke
ik mem waard
en dyn namme wer libben
der wie gjin hâlden mear oan
kleefkrêft keldere dramatysk
total loss
bruts ik it finster.… Lês fierder
Yn ‘e keuken gûlde mem. Meike kaam oerein. Se moest der mar efkes hinne. De Barbies hie se doch gjin nocht mear oan. Se krige dy stomme fuotten der mar net rjocht ûnder. En dy domme troelen seagen har dan ek noch sa ûnnoazel oan. Altyd mar gnize. Se woe gjin Barbies mear. Eins fûn Meike harsels al wat te grut wurden foar Barbies. Se wie in grut famke, dat har memmy treaste soe.
‘Net gûle, memmy,’ sei se. Se streake mem sêft oer de rêch. Doe gong de doar iepen. Dêr stie heit. Hy seach mem en Meike efkes oan.… Lês fierder
Mei fleanend findel ha wy de frije wiken achter ús litten en ús set ta in nije Farsk. Hjir is der, mei poëzy (fan de nije dichters Teije Idzardi en Hiltsje Jongsma) , kollums (fan Skermer en Jelma Knol), ferhalen (fan fêste man Jouke Hylkema en nei in hiel skoft wer fan Henk Wolf), in besprek fan ús fêste besprekker Rieuwert Krol en de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft, troch Eric Hoekstra fan kommentaar foarsjoen en omstavere nei it Frysk fan hjoeddedei.… Lês fierder
’t Nesker tjerkhoaf is het leste
Njunck beppes graef, bij beppes bien
Dar kin dat djuwrste lyf nuw reste
In gerz in blom har tjinje az stien
“Omstreeks een uur na middernacht, zegt zij, naardat ik haar eenigzins had verlegd, hare lippen bevogtigd “zullen wij de handen nog eens zamen vouwen, ten teken van gebed”, ’t welk ik beantwoorde “Ja mijn lieve”. Zij deed zulks, en ofschoon ik niet bidden kon, ik lag mijne muts neder, en zeide O God! Meer kon ik niet…………
Ik stond onafgebroken bij haar tot dat zij omstreeks kwart voor twee uur hare leste adem uitblies… ’k heb haar de oogen gesloten….… Lês fierder
Twa jier lyn moete ik in mantsje yn it doarp M. It wie yndie net in man, mar in mantsje. Dochs, wat in grutte geast en in libbenswiisheid fan ieuwen, like it wol.
It wie simmerstil yn it doarp, der gong gjin suchtsje wyn troch alles wat grien wie, de sinne skynde gleon as tidens in Spaanske siësta en op in bankje siet ik op ’e bus te wachtsjen.
Hy kaam kalm oankuierjen en gong neist my sitten as sei it himsels.
‘Do moatst om dyn terms tinke,’ sei hy sûnder mear, ‘net tefolle fleis ite en dyn mage kin net oer slaad, paprika’s en boerebûter.’… Lês fierder