Wieke de Haan

Oer ‘Echt moai’

logo.ensafh


click foar grutter

Ik wie ûnwennich fan it ynterviewen foar de F-side. Dat ha ik jierren dien en dat ha ik altyd hiel moai wurk fûn om by elk oer de flier te kommen en him of har fan alles te freegjen. Mar it wie gauris sa, dat as ik myn opskriuwboekje yn ’e tas hie en de jas al heal oan, dat dàn de werklik moaie ferhalen kamen. Dêr koe ’k net in kant mei út, want dêr wie ’k net foar op ’en paad stjoerd.

By dit boek koe dat àl: ik hoegde in politika net oer har wurk te ûnderfreegjen, it stie my frij om it oer hiele oare dingen te hawwen.… Lês fierder

Wieke de Haan

Oer ‘Echt moai’

logo.ensafh


click foar grutter

Ik wie ûnwennich fan it ynterviewen foar de F-side. Dat ha ik jierren dien en dat ha ik altyd hiel moai wurk fûn om by elk oer de flier te kommen en him of har fan alles te freegjen. Mar it wie gauris sa, dat as ik myn opskriuwboekje yn ’e tas hie en de jas al heal oan, dat dàn de werklik moaie ferhalen kamen. Dêr koe ’k net in kant mei út, want dêr wie ’k net foar op ’en paad stjoerd.

By dit boek koe dat àl: ik hoegde in politika net oer har wurk te ûnderfreegjen, it stie my frij om it oer hiele oare dingen te hawwen.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Safolle prachtmateriaal, en dat dan sa fergrieme

logo.ensafh


click foar grutter

Der wiene foar my hiel goede redenen om dit boek net te lêzen en der wiene like goede redenen om dat dochs te dwaan. It himelsk oerwurk is nammentlik in histoaryske roman, of slimmer noch, in ‘vie romancée’. Op myn weblochs ha ik faak genôch oanjûn dat ik sokke boeken net lêze kin, om’t my altiten fuortendaliks de flaters opfalle. En yn fiksje is it hiel wichtich om it ûngeloof sa lang mooglik foar te bliuwen; oars is der neat oan. Allinne bin ik no ien kear in histoarikus; foar my is de skiednis altiten mear as allinne in aardich toanieldekor.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.3

logo.ensafh

Dêr sieten oan de iene kant (lofts of rjochts, dat wie net te sjen yn it tsjuster) de seis dy’t wy al kenne: Desiderius Huizinga, Wouter Boskma, Abdul Kinksma, Hendrik van der Balk, Marco Rutario en de Sersjant, dy’t gjin namme hie. De oare seis (lofts, rjochts?) koene net by har yn it skaad stean en wiene fan in lichter alloai. Nettsjinsteande sille wy har oan de ferjittelnis ûntkrije want de genede is ek foar it mindere ornearre. Dêr sieten:
Fido Simmer, in man dy’t feroardield wie foar it siedzjen fan hate tsjin beskate befolkingsgroepen, in sterke propagandist dy’t by ferkiezingen in protte stimmen krigen hie.… Lês fierder

Koosje Melis

Gala

logo.ensafh

Dêr sieten wy dan, yn ús sjike galajurken. Hiel yn ’e fierte op it poadium stuiteren trije figueren mei kapusjons op ’e holle op en del op de beat fan in pear grutte boksen. De foarste stie demonstratyf mei de rêge nei de seal ta en ek de achterste twa liken har alhiel net te bekroadzjen om de healfolle seal mei publyk. Mei freondinnen H. en J. wie ik op it Fryske popgala yn Drachten. H. hie my earder ûnder ús twawyklikse jog-rûntsje ferteld dat se gratis kaartsjes krigen hie en frege at ik ek mei woe. Dan koe ik dy band ris sjen dêr’t freonen fan har yn spilen dy’t ik noch noait sjoen hie.… Lês fierder

Andries Miedema

Heinrich Heine oerset (II)

logo.ensafh

Lotusblume

Wahrhaftig, wir beiden bilden
Ein kurioses Paar,
Die Liebste ist schwach auf den Beinen,
Der Liebhaber lahm sogar.

Sie ist ein leidendes Kätzchen,
Und er ist krank wie ein Hund,
Ich glaube im Kopfe sind beide
nicht sonderlich gesund.

Sie sei eine Lotusblume,
Bildet die Liebste sich ein;
Doch er, der blasse Geselle,
Vermeint der Mond zu sein.

Die Lotusblume erschslieszet
Ihr Kelchlein im Mondenlicht,
Doch statt des befruchtenden Lebens
Empfängt sie nur ein Gedicht.
 
Heinrich Heine

út: ‘Ich weiss nicht was soll es bedeuten’, Den Haag/Antwerpen, 1956

 
Lotusblom

Wrachtich, wy beide byldzje
in útsûnderlik span,
de leafste kin amper sydwyns,
de leafhawwer?… Lês fierder