Klaske Hiemstra

Nei Antonio

logo.ensafh

Wy binne al hast dronken as wy der by Antonio ynfalle. Foar Antonio sels makket soks net út, mar der binne ek oare gasten, fansels.

Dat, wy gedrage ús.

Frâns en Hilde dogge de jas út en Hilde giet foar my oer sitten, en Frâns oan it haad fan de tafel sa moai tusken ús yn.

Eins bin ik te lammenadich om de jas út te dwaan, en de mûtse hâld ik ek mar op. Omdat ik bang bin dat myn holle samar op de tafel falle sil, set ik myn fûst ûnder it kin en de earmtakke op it sniewite tafellekken.… Lês fierder

Heidi

Obe Postma oerset

logo.ensafh

Op de lêste dei fan novimber
 
It wie sa ljocht; de sulv’ren himmel
Lei as in blanke skaal yn ’t rûn;
En grien as yn ’e iere simmer
Blonk oer it fjild de focht’ge grûn.

It wie sa stil; fan droege reiden
Ferweegde amper blêd noch plom;
In jonge glâns lei oer it wetter
En blide dingen gongen om.

De gersbult joech syn rook; de hoanne
It boerelûd; in amerij
It âlde libben keart ta wêzen
En fiere bylden gean foarby.

Dochs wit ik efter my, oermachtich,
De stêd yn ’t wramen dat net stûk’t,
En út de blanke fierten komme
De fliten dy ’t syn rûzjen lûkt.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.2

logo.ensafh

Se stapten de barak út. Hea, dit wie Fryslân yn ’e simmer. Griene greiden leinen om it fleanfjild hinne, ljippen draaiden har rûntsjes yn ’e lucht, krûdige reek fan hynsteblommen, piipkrûd en spoekeblommen kidele de noastergatten fan stêdsminsken dy’t útlaatgassen, parfum en deo hiem wie. Yn it suden wie de stêdeboukundige grutskens fan Ljouwert te sjen, yn ’e foarm fan it gebou dat hiel Fryslân mei syn symboalyske slachskaad oerhearske, symboal fan in ûnoerwinlike driuw om de hichte yn: de Aldhei, yn ’e analfabetyske mûle fan it legere folk ek wol de Oldenhove neamd. Yn oare wei leine de doarpen Marssum, Bitgum en Stiens, mar dy waarden troch struken en rigen ile pompelieren oan it genietsjend each ûnttein.… Lês fierder

Edwin de Groot

Hans Lodeizen oerset

logo.ensafh

Guon sprekke syn namme mei respekt út, oaren fine it mar in mankeliken ien. Yn syn tiid is Hans Lodeizen (1924-1950) in stikmannich kearen wegere troch redaksjes fan “grutte” tydskriften. Net fernijend genôch, te romantysk, hearde hy faak. De man wie noch net dea en ja hear, hy krijt in priis. Dy prizen ek, der is altiten wol in ferhaal by… Gerben Willem Abma skreau as Daniël Daen yn syn gedicht “de deade dichter” al:
“de libbene dichter hâldt ien treast foar letter
de deade dichter dichtet altyd better”

Lodeizen yn ‘t Nederlânsk, Frysk (troch Edwin de Groot), Stellingwerfsk (Piet Bult) en Ingelsk (Ate Grypstra):
 
 
De buigzaamheid van het verdriet

in een wereld van louter plezier
kwam ik haar tegen, glimlachend,
en ze zei: wat liefde is geweest
luister ernaar in de bomen
en ik knikte en we liepen nog lang
in de stille tuin.… Lês fierder

Piet Bult

De buugzemhied van hatzeerte

logo.ensafh

in een wereld van klaorebaore wille
kwam ik heur tegen, glimkend,
en ze zee: wat liefde west het
luuster d’r naor in de bomen
en ik nikte en we leupen nog lange
in de stille tuun.

de wereld was van klaorebaore golven
en ik zonk in heur as een liek
naor beneden et waeter sleut
boven mien heufd en even
vuulde ik een vis mi’j straoken
in de stille zee.

dag zee ik tegen heur dag kom
ik je nog es tegen, glimkend
mar de wiend blaosde vot
heur gezichte in et waeter
en ik nikte en ik wodde onzichtber
in et stille leven.… Lês fierder

Yva Hokwerda

AzulOscuroCasiNegro

logo.ensafh

Ast de film werom lêzen hast
en syn brekpunten seachst
yn dagen fan brânpunt sykjen,

lit punten dêrst troch it oer dyn lippen lizze moatst

Take two:

Ast de film werom lêzen hast
en dyn brekpunten seachst
yn dagen fan brânpunt sykjen,

lis punten dêrst troch it ta dyn lippen litte moast

Cut!

Hé, Jiskepûsterke mei dyn kunde oan meardere scenario’s,
do witst fan ’t wiete skuldjaan lykas fan ’t seine-reinend
fûnkeljen yn ’t ferjiskjen fan toar wrakhout
Doarst?
te bouwen op freonskip fan mûzen,
te dûnsjen oan’t de klok tolve slacht
en skat ’littend foar de prins út te flechtsjen,
bleatfoets de neinacht yn

Cut!Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Wat docht in sjânreoantsjutting der ta as de ynhâld doocht?

logo.ensafh

Proazagedichten, sa stiet der op it kaft. En de Friese Pers Boekerij jout dit boek út as poëzij. Dochs lies ik ferhalen. Hiel koarte ferhalen, dat al, fan net mear as hûndert wurden. Mar wat Nyk de Vries skriuwt, foldocht foar my oan alle definysjes fan it koarte ferhaal, sa’t de bêste auteurs dêrfan dy hantearren.

Anton Tsjechow skreau yn 1890 yn in brief oan ’e krante-eigner Aleksej Soeworin bygelyks:

As ik skriuw, gean ik der folslein fan út dat de lêzer sels de subjektive eleminten tafoeget dy’t misse yn it ferhaal.

En Raymond Carver sei yn it essee ‘A Storyteller’s Shoptalk’:

Spanning wurdt yn fiksje foar in part kreëarre troch de manier wêrop’t de wurden gearbûn binne om de aksje yn sa’n ferhaal sichtber te meitsjen.

Lês fierder