Josse de Haan

Tankwurd Josse de Haan foar Gysbert 2007

logo.ensafh

Utsprutsen yn de Broeretsjerke fan Boalsert by ûnfangst fan de Gysbert Japicxpriis 2007

Boalsert/Hendaye, 25 oktober 2007

Maite Maitea, Achte Deputearre, Achte Boargemaster, bêste Famylje, freonen en goekunde- ik bin bliid dat jim der binne.

As it oer de Fryske letteren giet moatte jo net alles wat der sein en skreaun wurdt leauwe- fiksje en netfiksje rinne gauris troch inoar. Doe’t Deputearre Frou Jannewietske de Vries my op 11 septimber skille wie myn earste reaksje dan ek: ‘ja in moai ferhaal, mar ik ken jo net, elk kin wol skilje; is it echt wier?'( ik wie yn ’69 ek ris skille dat wy as Operaesje Fers de priis krigen hiene, mar doe hâlden letter DS dat tsjin ).… Lês fierder

Foto’s útrikking Gysbert Japicx oan Josse de Haan

logo.ensafh

Klik op de foto’s foar in grutter byld.

josse-wint-gysbert-055.jpg
Yn in kâlde Broeretsjerke yn Boalsert…
josse-wint-gysbert-061.jpg

josse-wint-gysbert-071.jpg
Deputearre Jannewietske de Vries rikt de Josse de Haan de Gysbert út
josse-wint-gysbert-073.jpg
De sjuery fan lofts nei rjochts: foarsitter Ernst Bruinsma, Willy fan der Meer, Aukje Holtrop
josse-wint-gysbert-086.jpg
Josse syn tankwurd. De tekst stiet hjir.
josse-wint-gysbert-093.jpg
Yn De Doelen wie it waarm. Josse yn petear mei Cornelis van der Wal (rjochts) en Henk van der Veer.… Lês fierder

Foto’s útrikking Gysbert Japicx oan Josse de Haan

logo.ensafh

Klik op de foto’s foar in grutter byld.

josse-wint-gysbert-055.jpg
Yn in kâlde Broeretsjerke yn Boalsert…
josse-wint-gysbert-061.jpg

josse-wint-gysbert-071.jpg
Deputearre Jannewietske de Vries rikt de Josse de Haan de Gysbert út
josse-wint-gysbert-073.jpg
De sjuery fan lofts nei rjochts: foarsitter Ernst Bruinsma, Willy fan der Meer, Aukje Holtrop
josse-wint-gysbert-086.jpg
Josse syn tankwurd. De tekst stiet hjir.
josse-wint-gysbert-093.jpg
Yn De Doelen wie it waarm. Josse yn petear mei Cornelis van der Wal (rjochts) en Henk van der Veer.… Lês fierder

Heidi

Neidigerjend

logo.ensafh

yn ’t lette ljocht,
fûl langjen gouden
triedden wuollet om
dyn wûne wrâld

warrelblêden kanten
kleurje, fan it strange
rjochte paad en
alle diene dingen

ûnferfolle winsken
reizgje – ûnberet
oer foarmen fan
fergonklikens

yn ’t neigean
wâlhout noch wif winkt… Lês fierder

Jannewietske de Vries

Gysbert Japicx rede Deputearre de Vries

logo.ensafh

Taspraak fan Jannewietske de Vries, deputearre fan Fryslân, by gelegenheid fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis fan de Pro-vinsje Fryslân op 25 oktober 2007 yn de Broeretsjerke yn Boalsert.

Achte oanwêzigen,

De Broeretsjerke foarmet eins de ferbylding fan âld en nij, fan it ferline en fan it heden. Der is respekt foar de oerbliuwsels fan de eardere tsjerke. Dy stiet der en mei wêze sa’t der is.
Tagelyk fiel ik hjir de ferbyldzjende krêft fan nije arsjitektuer en kreative spanning.

Ald en nij:
As nije deputearre fan Fryslân fiel ik ek krekt sa’n soarte fan spanning:
Is Jannewietske de Vries deputearre fan de Fryske kultuer of deputearre fan kultuer yn Fryslân?… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Bier en sintugen

Sa lang myn ear it lûd beharket
(Oan A. Rymersma 1778)

Sa lang myn ear it lûd beharket
en it byld op glêd eachsapel sparket,
de pols fiks ôftelt elk tikje,
sekonde-stap docht, sliert noch slûpt
it geheugen lâns syn keatling stoept
dêr’t it de tinkkrêft kin berikje;

Sa lang myn long as pûster bûgt,
útblaast, en wer de wyn ynsûgt
en it bloed by hitte paslik kuollet,
myn tonge it gehimelte paait en priuwt,
Gods guodlikheid dy ivich bliuwt
en ús mei sillichheid omwuollet;

Sa lang de rede op de wei
myn fuorman bliuwt, sil ik dizze dei
Him tankje dy’t yn geunst jo sparret,
dy’t ús fêstfitere leafdesbestean
bedript, bejit, mei mear as lean, –
Fyt!

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Bier en sintugen

Sa lang myn ear it lûd beharket
(Oan A. Rymersma 1778)

Sa lang myn ear it lûd beharket
en it byld op glêd eachsapel sparket,
de pols fiks ôftelt elk tikje,
sekonde-stap docht, sliert noch slûpt
it geheugen lâns syn keatling stoept
dêr’t it de tinkkrêft kin berikje;

Sa lang myn long as pûster bûgt,
útblaast, en wer de wyn ynsûgt
en it bloed by hitte paslik kuollet,
myn tonge it gehimelte paait en priuwt,
Gods guodlikheid dy ivich bliuwt
en ús mei sillichheid omwuollet;

Sa lang de rede op de wei
myn fuorman bliuwt, sil ik dizze dei
Him tankje dy’t yn geunst jo sparret,
dy’t ús fêstfitere leafdesbestean
bedript, bejit, mei mear as lean, –
Fyt!

Lês fierder