Ernst Bruinsma, foarsitter

Sjueryrapport Gysbert Japicx 2007

logo.ensafh

Rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007

‘De mins wurdt mins troch taal, bestiet dêr yn en troch, en meidat literêre wurken yn haadsaak oer minsken geane is de wize fan skriuwen en it eventuele ‘oare’ gebrûk fan de taal essinsjeel. Sûnder eksperiminten mei de taal (en dus de foarm) ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk’.

Sa hat Josse de Haan syn skriuwerskip sels omskreaun. Wannear’t men syn oeuvre − mear as 25 boeken − en syn literêre aktiviteiten fan de lêste fjirtich jier oereidet, dan is dy opfetting oeral yn it wurk fan Josse de Haan werom te finen.… Lês fierder

Koosje Melis

Ballon

logo.ensafh

Yn ’e supermerke sochten mem en ik om griene biotex. Om’t ik in bytsje pasjint wie, wie mem delkaam foar kofje en treast. Freondinne H., dy’t juster myn chaperonne nei it sikenhûs west hie, hie al wol biotex helle, mar it wie gjin floeibere, lykas op myn briefke oanwizingen stie. Dus soene mem en ik dat eefkes helje. Fan de dokter moast ik nammentlik twa kear deis ‘gezellig met de bibs in de biotex’.

Gelokkich bin ik hast nea siik. Ik bin wol faak sikkeneurig, mar dat is in oar ferhaal. It is nammers mar goed ek dat ik noait siik bin.… Lês fierder

Josse de Haan

In ljippenêst mei kikkerts

logo.ensafh

HAADSTIK 10

Yn de âlde sânbak sieten fiif jonges en in pear fammen út de heechste klassen yn in rûntsje. Foar har yn de midden fan it iepen sânfjildsje sprongen wat kikkerts hin en wer yn in kûle. Soms woe ien fan de kikkerts oer de râne springe, mar dan skeat der daalk in skonk nei foaren dy’t him werom trape yn de kûle.
Doe’t De Lytsk tichterby kaam, omdat er nijsgjirrich wie nei wat der barde, seach hy oan it gesicht fan De Jent dat dy him fuortstjoere woe. – Lytse bern en dronken lju, – sei er. Mar de oaren yn de rûnte reagearren net.… Lês fierder

Edwin de Groot

Wei is gjin opsje

logo.ensafh

…and I stand and watch…
Henry van Dyke
Parabel of Immortality

 
Weireizgje

it oerd sipelt
sûget fêstberet
ta libbensân
ûnder deastil neidigerje

fan dy
skoender op kimenkoers
wei fan ouwer en kaaidyk

oant ien seit
dat wie it en
dwerset ôf nei it
slûgjend leech
 
 
Ynkomme

it lit net gean en
bitter tynt noch mar
súntsjes yn’t
ûnthâld

besef dy
reven los
waaksend oanwinnend

dêr bist
swij ik stilwei
rinst mei op
nei it heech
dêr’t it spoeket… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.3

logo.ensafh

– En hoe wiest yn tsjinst dan? As gewoan soldaat?

– Nee, as skerpskutter.

Ja, tocht Desiderius by himsels, lekker boppe yn in beam sitte en de ien nei de oar ûnder dy ôfknalle. Krekt as it foarteam by de polysjonele aksjes yn Yndonesië.

– Moai sa. Dat is krekt wat in opboumisje nedich is.

De skrale man lake, en de walrussnor lake mei. Doe’t se útfrege wiene, sei de man yn reinjas:

– It sit sjesa. De kondukteur hat dy sûnder kaartsje yn ‘e trein betrape en hast ek noch it rút fan it húske fernield. Dat wy kinne dy oerdrage oan de plysje.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

In leechte as lette earetsjinst

logo.ensafh

Foar skriuwers als Hemingway wie it in betroud literêr middel. Lit de belangrykste saken of gebeurtenissen út in ferhaal wei, en it wurdt der sterker fan, sa skreau er yn ‘The Art of the Short Story’. De lêzers moatte dan neitinke.

Of neam in toanielstik ‘Wachtsje op Godot’, en dúdlik sil wêze dat dy Godot der in wichtich part yn hat. Hoecht er net iens op it toaniel te sjen te wêzen.

Literêre foarbylden genôch om te ferdigenjen wêrom’t yn in boek of tekst nochal wat feitlike ynformaasje ûntbrekke kin. En dochs fyn ik soks net kinnen by de útjefte fan in boarneboek oer literatuerskiednis.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.2

logo.ensafh

Desiderius hâldt de siken yn. De trein hat wylst aardich faasje mindere. Hy moat derút ear’t se him yn ’e kraach fetsje. Hy slacht mei in boartersguodpistoal it rút yn, faget de glêsdiggels út ’e sponning. Allegear stedsljocht blikkert him temjitte, de treasteleaze wenkazernes fan Rotterdam Alexander. Efter him heart er kaaien, gerattel. Hy sit al op ’e râne, ree en spring, as in knûstige hân him by it nekfel kriget:

– Ik soe it net dwaan as ik jo wie.

Seit in swiere stim. Hy sjocht efterom yn it antlit fan in bear fan in fint. Sil er him yn ’e earm bite en ûntsnappe?… Lês fierder