20-11-09: útstalling Koos van der Sloot

logo.ensafh

Bal Masqué door Koos van der Sloot

Vanaf 20 november treedt Koos van der Sloot voor het eerst naar buiten met zijn assemblages waarin eieren de hoofdrol spelen. De tentoonstelling is tot en met 17 januari 2010 in het Natuurmuseum Fryslân te zien.

Koos van der Sloot (Joure, 1953) zwierf als jongen door de bossen en weilanden rondom zijn geboorteplaats. Net als veel jongens in die tijd legde hij een verzameling aan van de eieren die hij vond. Hij kon zich helemaal verliezen in de subtiele kleuren van de eieren en zich verwonderen over de abstracte schildering van de schalen. De verzameling van toen is helaas verloren gegaan, de fascinatie is er nu nog steeds.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

It is hjerst. Yn dizze ôflevering fan ensafh is der wat fan te merkbiten.

Mar likegoed ek fan ’e maitiid: leechsûge aaien.

Gedichten
De poezy yn dizze ôflevering is fan Piter Boersma, Rein de Lange, Koos van der Slott en Cornelis van der Wal.
Rein de Lange dichtet yn ’thúskomst’: ‘dochs in izige ûnrêst / ferwûnet it paad / blyn farwetter foarút’.
‘Fansels’ is de titel fan Cornelis van der Wal syn gedicht, dat fansels giet it oer de hjerst of leaver sein syn hjerstdepresje, mar hy hâldt hoek en de redenen wêrom binne treflik.
Yn Piter Boersma syn gedicht fiert in blêd dat al yn ’e simmer losliet it wurd, in brún elzeblêd, in hjersttafriel yn ’e simmer.… Lês fierder

Willem Winters

Das Kapital

logo.ensafh

Ik haw my fersind. Boeken dêr’t ik fan tocht dat se wol wat wurdich wurde soene – sa as dy tinkskriften fan Pieter Jelles Troelstra, de rige fan W.H. Vliegen, De socialisten, Personen en stelsels fan H.P.G. Quack ensfh. in ynfestearring foar letter?
It pakt hiel oars út. Dy boeken binne no de helte guodkeaper as yn de jierren 70-80, doe’t ik se kocht.
Ik hie der better oan dien en sammelje guodkeape strips as Tex Willer – koste in ryksdaalder it stik yn 1979 en no jilde guon numers €60,- en kwartsjeboeken. Samlers fjuchtsje derom. Kosten dy yndertiid mar in kwartsje, no wurde se oanbean op ynternet foar € 5 oant € 10.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Gebrûkspoëzy fan de nachtsuster

logo.ensafh

It mei út de kranten bekend wêze dat Simy Sevenster sûnt jier en dei ferhalen skriuwt; se wûn dêr al ris in Rely mei, mar dat hja ek gedichten makket is yn de literêre wrâld minder witten. Faaks ferskynden har gedichten wol op lokaal nivo, mar yn de periodiken as De Moanne/Trotwaer, Farsk, Hjir ensfh. haw ik net in fers fan har sjoen. De Friese Pers Boekerij hat no dan al in fikse bondel sammele mei in lytse sechstich fersen ûnder de titel Yn de see fan it libben. Neffens in wurdfierder fan de útjouwerij giet it om ‘gebrûkspoëzy’, what ever that may be!… Lês fierder

Koos van der Sloot

sonnet

logo.ensafh

‘Koos van der Sloot makket keunst fan útsûgde aaien die’t er mei allerhanne objekten gearfoeget ta assemblaazjes. Byldgedichten, sa soe men se neame kinne.’ (Huub Mous)

sonnet4

(foto: Linus Harms)

Op de boppesteande foto is it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot te sjen, it is in ‘byldgedicht’, yn dit gefal in ‘byldsonnet’. Elk aai stelt in wurdlid foar, in lossteand aai is ien wurd, tsjininoaroan pleatste aaien foarmje in wurd fan safolle lidwurden as der aaien tsjininoaroan stean.

Skriuw in sonnet op…

ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein.… Lês fierder

Wobbe Atsma

Yn exelcis

logo.ensafh

Wat in lûd, wat in frommes. Op it poadium klonk út de spegel fan de tiid in stim as in hûs. Dy kreake al wat yn ’e foegen, mar koe nei alle gedachten fan it dak ôf noch bêst de himel berikke. Bravo! In iepen doek foar it optreden fan Chi Coltrane yn it teater. It slachwurk, de basgitaar en de grutte piano by dat ferskuorrende leven fan de grand old little lady soargen bytiden foar fjoerwurk. De oerklanken út de santiger jierren daveren mei geweld oer de seal hinne en luts it entûsjaste publyk mei werom yn de tiid.
Ik hie dy stap flak foar de foarstelling al dien, wylst ik yn ’e foyer nijsgjirrich it konsertfolk deryn kommen seach.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Fansels

logo.ensafh

Hjerstblêden suchtsje: ik kin gjin ljocht mear fine,
mar man dêr is de hjerst ommers foar útfûn.
Myn nije skuon deadzje by elke stap lytse dieren,

dat is it lot.

Soe ik no stjerre, it koe my neat skele.
It is foar famylje en freonen dat ik der bin.
En fansels foar de Fryske literatuer.

Klik hjir om it gedicht út ’e mûle fan ’e dichter te beharkjenLês fierder