Yn dizze ôflevering binne de poetyske bydragen fan Geart Tigchelaar mei ‘De beam’ en Jacobus Q. Smink mei ‘Safety Zone’. De gedichten stean op ûnderskate wizen foarinoar oer, bygelyks dizze rigels: ‘it boartsjen waard tútsjen / wy fersprutsen mekoar’(Tigchelaar) en ‘dream mar lekker sliepende prinses / hjir stiet gjin tuter foar dy ynspand’ (Smink)
It tema fan de konfrontaasje mei ûnnoflike kanten fan in oare kultuer, in oare wrâld krijt yn it ferhaal ‘Ynbine’ fan Jouke Hylkema fansels in ynfolling dy’t even ferbjusteret. Hy lit ús op in oare foet stean.
Willem Winters docht ferslach fan in ûntdekking: de jongerein fan tsjintwurdich… der is neat nijs ûnder de sinne.… Lês fierder