Minderheidstalen krije op ‘e nij plak yn it Europeesk Parlemint

logo.ensafh

Der moat op ‘e nij in Europeesk diskusjeplatfoarm foar minderheidstalen komme, sa hat it Europeesk Parlemint hjoed besletten yn Straatsburch. Fia de saneamde ‘yntergroep’ krije fertsjintwurdigers fan etnyske minderheden en minderheidstalen de romte om harren belangen op in Europeesk nivo te behertigjen. Deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân en de Fryske Europarlemintariër Raquel García Hermida-van der Walle (D66) binne entûsjast.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Blog Johan Veenstra: De taal achterna

logo.ensafh

Ik hebbe et boek De taal achterna van Wim Daniëls, bekend van radio en tillevisie, lezen. Een verslag van een ontdekkingstocht. Ik kreeg et een schoffien leden as kedogien toestuurd van dienstkammeraod Karel uut et Braobaanse dörp Zeelaand. Daniëls hadde daor op 26 september in et dörp een lezing verzorgd en Karel hadde zodoende mit him praot, dit boek veur me kocht, en mien naeme nuumd.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Fryslân kin in foarbyld nimme oan Baskelân: “Dêr wurdt de taal echt droegen troch it folk”

logo.ensafh

Sels bin ik in grut leafhawwer fan it Baskyske lân, de kultuer, it lânskip en de minsken.” Dat seit ferslachjouwer Simone Scheffer. Se komt al jierren yn Baskelân. Dy regio hat wat mienskiplik mei Fryslân. Mar der binne ek ferskillen.
Simone Scheffer wie dit jier seis wiken yn Baskelân. Yn dit artikel fertelt se wat wy Friezen fan de Basken leare kinne. Dêr hat se oer praat mei Durk Gorter, dy’t wennet en wurket yn Baskelân.

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Minybyb De Boekenbakker

logo.ensafh

Oait waard it lytse gebouke neist de bakkerswinkel yn Ysbrechtum brûkt as opslach fan brânwachtspuiten, in blommist ferkocht der in skoft blommen, mar no kinne minsken der boeken helje en bringe. Wolkom by De Boekenbakker.

Doe’t de bakkerswinkel yn it doarp koartlyn opknapt waard, soargen de trije freondinnen Anneminke, Brucia en Tjessaline derfoar dat ek de minybyb, oprjochte yn koroanatiid, in update krige. ‘Mei frisse kleurkes en boekekasten fol moaie boeken wolle wy de minybyb oantrekliker meitsje,’ fertelt Anneminke. ‘Wy fine it sels hearlik om te lêzen, en dy leafde wolle wy graach oerbringe op lytse en grutte bern en op oare folwoeksenen.… Lês fierder