Teleks: Poëtyske keatsbelibbing by Tresoar

logo.ensafh

Poëtyske keatsbelibbing by Tresoar

As ûnderdiel fan Lân fan Taal is der yn Tresoar fan 4 juny ôf in ‘poëtyske keatspresintaasje’ te sjen.

Op in twatal grutte LED-skermen wurde fertrage close up opnames fan keatsers fertoand. Se wurde ôfwiksele mei bylden fan keatspublyk en keatspoëzy/keatstaal.

Doel fan de presintaasje is om op in oare, mear poëtyske wize, te genietsjen fan dit unike aspekt út de Fryske kultuer. De presintaasjes binne betocht troch gastkonservator Frank den Oudsten. Unbekend mei de sport hat hy earst in oantal wedstriden besocht en dêrnei mei in kameraploech opnamen makke by de trainingen fan keatsteam Puur Passie, by de Keats-off foar de PC fan 2017 en by de Frouljus PC.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Mearkes yn it Súdwesthoeksk

logo.ensafh

Mearkes, dat binne ‘sprookjes’ fansels, en dy hearre by in beskate tiid. Hokker tiid dat is, dêr binne we gau út. Wy hoege allinne mar oan in pear wrâldferneamde skriuwers fan mearkes te tinken en dan witte we it. Ik begjin mei de bruorren Grimm. Dat binne Jacob en Wilhelm Grimm dy’t beide ein achttjinde, begjin njoggentjinde iuw yn Dútslân wennen en wurken. It wiene beide taalkundigen, dy’t namme makken mei it sammeljen en skriuwen fan mearkes. Tink oan: Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Krekt wat letter wenne en wurke Hans Christiaan Andersen yn Odense yn Denemarken. Mearkes fan him binne: It ûnsjogge Pykje, De Lytse Wetterfaam en It Lytse Famke mei de Swevelstokken.… Lês fierder

Abe de Vries: Ontwikkelingen in de Friese poëzie, 2013-2017

logo.ensafh

Demonen in een vertrouwd landschap

Ontwikkelingen in de Friese poëzie, 2013-2017

In de Nederlandse provincie Fryslân wonen een kleine 700.000 mensen van wie 350.000 het Fries als moedertaal spreken. Friezen schrijven bijzonder graag dichtbundels. Er is één Friestalige inwoner van Fryslân op 49 Nederlanders in Nederland, maar de verhouding tussen het aantal Fries- en Nederlandstalige bundels dat verschijnt is ongeveer 1 op 20. Die tussen Fries- en Nederlandstalige debuutbundels zelfs 1 op 5.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Teleks: Hanneke de Jong skriuwt it Aksjeboek foar Bern 2018

logo.ensafh

Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Hanneke de Jong it Aksjeboek foar Bern 2018, de yllustraasjes sille makke wurde troch Linda de Haan. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema Freonskip fan de Berneboekewike 2018. It Aksjeboek sil yn de perioade fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan € 4,95 en wurdt útjûn troch útjouwerij Bornmeer.

Oer de skriuwer en yllustrator: Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk, lykas De lêste brief/De laatste brief (2001, mei in earfolle fermelding fan de ‘Zoenjury’), Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen/Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren (2013, Simke Kloostermanpriis), Wês net bang (2016, it wier barde ferhaal oer in santjinjierrich famke dat flechtet út Syrië fanwege de oarloch) en Heksegrytta (2017).… Lês fierder