Wêrom lilk? sille jimme sizze.
No, dat sit sa: ik ha ùs bank in adresferoaring stjûrd. Kreas op tiid, der sil it net oan lizze. Earst fia de kompjûter fansels sa as hjoed-de-dei wenstich is.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Wêrom lilk? sille jimme sizze.
No, dat sit sa: ik ha ùs bank in adresferoaring stjûrd. Kreas op tiid, der sil it net oan lizze. Earst fia de kompjûter fansels sa as hjoed-de-dei wenstich is.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Hoe’t wy derby kamen wit ik net mear, mar ynienen gie it oer Janke Plof en Kees Pruts. Doarpsminsken mei in bynamme, sa’t it grutste part fan in doarp eartiids in bynamme hie. Dat kaam foaral omdat dêr in protte minsken mei deselde namme wennen. Om dy lju toch fan inoar ûnderskiede te kinnen betochten de doarpsbewenners dan in bynamme. Like faak ferwiisden bynammen nei it wurk of it berop fan ien, nei fysike eigenaardichheden, ôfwikingen, it hâlden en dragen of nei de klean. Guon nammen koene sels fan generaasje op generaasje oererve wurde.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje
de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn
mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen
stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen
no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma
In achtstepart fan de amtstermyn sit derop. En? Bloed, swit en triennen? Mar it lijen fan de keunstner heart derby. Want it liket as hâldt de krityk op it ynstitút fan poet laureate, mei syn argumint dat romantysk fundearre is yn it idee fan ûnkorrupte keunst, de funksje romantysk: dy is gewoanlik amper ynfolle om de dichtersgeast ‘frij’ te litten en sa ‘wiere’ keunst te krijen. Dêrby stiet al it wurk fan de Dichter fan Fryslân yn ûnfersnien romantyske tradysje. Rêding fan dea en ferdjer, krekter sein fan finzen wêze yn ’e tiid en taal, bringt ús de tipelsinnige ferbylding.… Lês fierder
Er is een zeventiende-eeuwse tekst ontdekt die geschreven is in een Noord-Hollandse variant van het Fries. Dat is bijzonder, want tot nu waren alleen wat losse zinnen en woorden overgeleverd uit het Fries van Noord-Holland, dat zo rond 1700 helemaal verdwenen was.
Lês fierder by de NRC… Lês fierder
Ofrûne woansdeitemoarn noch optrede. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum. By Werpsterhoeke fan ’e fyts falle, hertstilstân. Fûn, reanimearre, ûnderweis nei it sikehûs wer reanimearre, yn it sikehûs noch in pear kear, op ’e intensive care, sneon 21 april ferstoarn.
Piter is 76 jier wurden, in moaie leeftiid. Hy wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Ien fan ’e moaie dingen: net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.
Piter Yedema wie yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre foaral in betûft en eigensinnich kritikus, letter manisfestearre er him mear as dichter.… Lês fierder
Iepen Up Live sil oandacht jaan sil oan it libben en wurk fan Piter Yedema.
Piter hie dêr woansdei optrede sillen. Fierders û.o. Maartje Wortel en Age Veldboom. Lês hjir fierder. (Facebook).
Neushoorn, Ljouwert.… Lês fierder