Aginda 27-06-2024: Fryske Poëzij Slam

logo.ensafh

In jûn fol Fryske Poëzy

Op tongersdei 27 juny om 19:30 oere is ús kafee De Gouden Leeuw it dekôr foar de Fryske SLAM 2024. Op dizze bysûndere jûn sille tsien talintearre dichters it tsjininoar opnimme yn in poëzywedstriid dêr’t de Fryske taal en kreativiteit sintraal steane.

De dichters dy’t harren wurk bringe sille, binne Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Syds Wiersma, Tamara Feddema en Ypie Bakker. Elk fan harren sil stride om de titel ‘Bêste Fryske Foardrachtskeunstner’ en in jildpriis fan €500. Ferline jier wûn Syds Wiersma de slam en hy sil no syn titel ferdigenje.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclasses Foardragen foar skriuwers

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje op ‘e nij in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Zen Roorda, Nyk de Vries, Marrit Jellema en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder

Kollum Gerard de Jong: De Sorben hewwe alles, nou nag meer praters

logo.ensafh

Twee weken leden waar d’r ’n groep Sorben fan ’t Serbski-Institut op bezite in Frysland. Se gongen bij alle taalorganisasys del, en as Mehrsprachigkeitskoördinator mocht ik ferhale over hoe’t wij in Waadhoeke met ôns talen omgaan.

De Sorben binne ’n minderhyd fan soa’n 60.000 mînsen in ‘t oasten fan Dútsland. Na skatting prate nag soa’n 10.000 mînsen een fan de baide farianten. Ooit waren ’t d’r ’n paar hondertdúzzend, maar fooral onder de nazi’s – ’t praten fan Sorbys in ’t openbaar worde ferboaden – hewwe se swaar te lijen had.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Fan brol nei bestân

logo.ensafh

Masteroersetter en twafâldich Obe Postmapriis-winner Klaas Bruinsma (1931-2018) sette in hiel soad út de wei. Fan him ferskynden tal fan publikaasjes. Syn ûnbidich grutte argyf, tritich ferhúsdoazen, leit by Tresoar en as as frijwilliger ha ik besocht dat te oarderjen.

Hoe yn de goedichheid begjinne jo oan sa’n kerwei? De doazen wienen net bepaald systematysk ynpakt. Yn grutte halen bestie it materiaal út boeken en papieren, al of net yn mappen en fierder oare saken, lykas tydskriften, oarkondes, foto’s, lûddragers en petten. Syn boeken kinne yn trije skiften ferdield wurde: al oanwêzich yn de kolleksje fan Tresoar (dat moat dus neigien wurde en dat wienen de measte), se sitte net yn de kolleksje (dat is in ferrassing, alhielendal as it bysûndere eksimplaren binne) en boeken mei oantekeningen, opdrachten en ex-librissen (dy komme yn de kolleksje as dokumintboeken).… Lês fierder