It trelit op Kneppelfreed ûntstie trochdat de rjochtbank fan in rjochtsitting dy’t iepenbier hearde te wêzen in sitting mei sletten doarren makke, as soe it in sedeskandaal oangean. Sjoernalisten fan Fryske kranten lykas de Heerenveense Koerier, de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en de Drachtster Courant waard de tagong ûntsein.
Op it Saailân wiene yntusken optochten en sprekkoaren ûntstien. It wie merkdei en de stêd fol mei minsken. De plysje siet yn in min parket. Dy hie op merkdei de opdracht om de mannichten te fersprieden en de sprekkoaren it swijen op te lizzen. Dêrfoar hiene se brânslangen en gummystokken krigen en rieden se op motoaren mei sydspan.… Lês fierder
