Teleks: Ljouwert siket Stedsdichter

logo.ensafh

De gemeente Ljouwert is foar de kommende twa jier op syk nei in Stedsdichter foar de stêd en de 35 doarpen. Entûsjaste wurdkeunstners kinne har dêr oant 15 novimber foar oanmelde fia www.leeuwarden.nl/stadsdichter. De Stedsdichter skriuwt alle jierren in tal wurdkeunsten foar Ljouwert en sil dy foardrage yn de perioade fan 2024 oant 2026.

De rol fan de Stedsdichter
“Net allinnich wie Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa, mar sûnt ein 2019 is de stêd de grutske drager fan de titel UNESCO City of Literature. Us stêd, tegearre mei har doarpen, fertsjinnet in eigen Stedsdichter”, sa seit wethâlder Hein Kuiken.… Lês fierder

Teleks: Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske polityk

logo.ensafh

It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk dêrfoar hat.

Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ’n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne fyftjin jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren.… Lês fierder

Aginda 18-10-2023: Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen

logo.ensafh

Boekpresintaasje Ienenfjirtich dingen fan Carsten René Nielsen

Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert.
Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.
Op 18 oktober is de boekpresintaasje.… Lês fierder

Teleks: ferhalewedstriid BoekHjerstBoek

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek dy’t op freed 17 novimber om 20.00 oere kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.

Stoarmet it yn dy? Yn dyn holle, yn dyn liif? Stoarmet it bûten of op it wurk, stoarmest troch it libben? Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder