Dichter, keunstner, en muzikant: Elmar Kuiper kinst mei rjocht in kreative tûzenpoat neame. Forsearre oan de slach gean hat gjin doel, seit er. En dus ruilet hy de pinne fan it iene op it oare momint yn foar de kwaste of mikrofoan.
It is in kwestje fan de goeie kadâns fine, seit de yn Snits berne Elmar Kuiper. Hy lavearret tusken it skriuwerskip, byldzjende keunst, en muzyk. Uteringsfoarmen dêr’t er net sûnder liket te kinnen. Wol set er it soms efkes yn ‘e wacht, om it oare wer oppakke te kinnen.
“Ik bin de ôfrûne twa moannen begûn te skilderjen. Mar no wol ik wer efkes dwaande wêze mei taal.… Lês fierder