OWL+: in plus foar Europeeske minderheidstalen en ûnderwizers

logo.ensafh

OWL+ (Ownership and Leadership) is in projekt wêrby’t sprekkers fan it Frysk yn Nederlân, it Súd-Samysk yn Noarwegen, it Latgalysk yn Letlân en it Mirandeesk yn Portugal in platfoarm krigen om mei-inoar yn kontakt te kommen. Ek binne meardere tools (middels) ûntwikkele, sadat ûnderwizers yn de regio’s dêr’t dy talen praat wurde beskikking krigen oer mear ûnderwiismateriaal om harren minderheidstaallessen te ferrykjen.

It konsortium bestie út it Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, NORD University (Noarwegen), de Rēzekne Academy of Technologies (RTA, Letlân), en CIDLeS (Portugal). Tallinn University (Estlân) hat soarge foar de technyske stipe. De fjouwer minderheidstalen út it projekt fertsjintwurdigje ferskillende regio’s yn Europa mei in ferskaat oan situaasjes.… Lês fierder

Teleks: Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts.

De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier rikt foarby de grinzen fan it konvinsjonele fers. Dizze dichtbondel is in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en inerlike kontemplaasje. Mei elk gedicht rekt de dichter it format fan de poëzij op, befreget it en makket it op ‘e nij.”… Lês fierder

Aginda 07-09-2025: Minifestival rond Jan Slauerhoff met Portugese hapjes

logo.ensafh

Jan Slauerhoff (1898 – 1936), de beroemde zoon van Leeuwarden en authentieke dichter en schrijver, staat nog altijd in de belangstelling. Het levensgevoel in zijn gedichten is ook vandaag herkenbaar. Op zondag 7 september, aanvang 13.30 uur (inloop om 13:10 u.), organiseert de stichting Herdenking Jan Slauerhoff een veelzijdig minifestival in dbieb te Leeuwarden over Slauerhoff. Locatie: de Kapelzaal van de Blokhuispoort.

Lês fierder by LiwwaddersLês fierder

Kollum Arjan Hut: Einliks doar ik Frysk te praten

logo.ensafh

Is dat net fan jim projekt, frege myn oarehelte fan’t simmer. Sy krijt de headlines fan de Ljouwerter op har tablet. Blykber wie der gedonder yn Harns om in Fryske tekstrigel op in gevel. Net folle letter krige ik berjocht fan in kollega-skriuwer, mei deselde fraach. Hy stjoerde in kopy fan it artikeltsje mei, want wy ha de krante net, allinne de digitale headlines. En jawis, it wie ien fan ‘ús’ rigels.

It ôfrûne jier wie ik mei de stêdsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema, op ‘en paad. Yn de gemeente Ljouwert, mar ek dêrbûten, joegen we in rige poëzijworkshops mei as tema ‘thús’.… Lês fierder

Sjongtekst Jaap Slager: Carlos e Jocafi

logo.ensafh

 

 

 

[koar] Wês frij as in Fries
Sa sljucht en lyksa oprjucht as in Fries
Gjin ferlet fan in soad guod hat in Fries
Aloan bliid mei wat er hat is in Fries
As in goefries! [minskebern] Mar ik bin iensum en allinnich
En elkenien is sa rjuchtsinnich
Se binne allegear sa finnich
Ik haw noed ik haw gjin piid
Hoe kom ik paslik troch de tiid
Mank it lawaai en al dy striid
Ik bin bang, ik bin ferlern, ik bin in nul

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder