De oanrin nei de krystdagen begjint hjir yn oktober. Is ’t net raar? Dan komme se al op ’e lappen mei publicidade… uh, reklame foar krystkadokes. It komt noch in kear safier dat nijjier en krysttiid op ’e selde dei falle!
Yn Amearika, wit ik noch, hawwe se sels spesjale krystwinkels. Nee, net inkeld yn ’e oanrin nei de krystdagen… It hiele jier troch! Dêr sjucht men nij by op as men by simmerdei, wylst it swit jin troch de naad rint, ynienen foar in etalaazje mei keunstsnie en krystfersiering stiet.
Lês fierder by Jaap Slager… Lês fierder
