‘Groeten Uit | Menaldum’ (r.b.), ±1904–1905. Kleurelitografy, blyndruk, heechdruk, 91×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer, searje 722, nû. 3526. Poststimpels Menaam 04-08-1906 en Dronryp 04-08-1906. Ferstjoerd oan Arjen de Jong, Dronryp, troch Willem de Jong en Trijntje de Boer.
‘Sjoch ik in bliere faam, / ik ryd der net mei feart bylâns / as ’t feintsje fan Menaam, / mar ’k gryp myn goede kâns’, skreau Fedde Schurer yn syn bekende liet oer in Menamer feintsje. Schurer makke dy meisjonger op de meldij fan in Dútsk folkslietsje foar it brulloftsfeest fan Ype Poortinga en syn breid Rinske Wiersma, dy’t yn Menaam wennen.… Lês fierder