Mei’t de lêste sniebulten râne, moatte we mei syn allen suver even bekomme fan it kadootsje dat we fan Kening Winter krigen. Selden ha ik yn de lêste jierren safolle bliere minsken sjoen. Op it iis, sa treflik beskreaun troch kollega Hylke Speerstra, mar ek op oare plakken. De bern dy’t op sliden achter auto’s en trekkers oansleept waarden. Mei reade wangen en soms gierend fan de wille. Fan it talúd fan mannich fiadukt glierden oant yn de jûntiid bern op plestik sekken, op ús deistich loopke nei it jûnsiten hearden we se roppen en foaral: laitsjen.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder