Kollum Hilda Talsma: Bauke

logo.ensafh

It libben is in oanienskeakeling fan mominten ek al liket dat faak net sa want meastentiids giet alles gewoan syn gonkje. Alle dagen sjogge we elkoar hinne en wer fleanen op ‘e dyk en foardatst it witst is der wer hast in jier om. Mar itjinge wat we fan elkoar sjogge, binne ornaris de hannelingen dy’t we dogge. Wat immen yn ‘e holle of yn it hert hat, is faak net sa dúdlik.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Oprop lêsgroep boeken Trinus Riemersma

logo.ensafh

Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by SirkwyLês fierder

Anne Feddema

Kryst

logo.ensafh

Dit jier fielt foar my (30-11-20), suver al as foarby en dát gefoel sil, nei alle wierskynlikens, hiel wat fan myn lêzers, as dy hiel wat der binne fansels, in nustje is ek wolkom, bekend foarkomme.
Koroana spilet dêr in bysûnder grutte rôl yn, lit dat dúdlik wêze. De Krystsfear begûn foar my al op santjin augustus, de dei dat ik oankaam yn Galway, Ierlân, om mei te dwaan oan Óró. ( lês myn bydragen yn it Ensafh-argyf )
Óró, in ynternasjonaal teäterprojekt, bedoeld foar Galway, Kulturele Haadstêd fan Jeropa, mar dat fanwegen, Covid, ik ymprovisearje mar in bytsje op it beheinde tema, folslein yn it wetter foel, dat ek dêro, genôch te finen is.… Lês fierder

Fjouwer Trakl-oersettingen Klaas van der Hoek

logo.ensafh

 

 

De swiermoedigens

Machtich bisto donkere mûle
Yn ’t binnenst, út hjerstwolkens
Foarme stal,
Fan goudene jûnsstilte;
In grienich skimerjende berchstream
Yn tebrutsen sparren
Harren skaadfjild;
In doarp
Dat from yn brune bylden ôfstjert.

Lês hjir fierder

 

Neibyens fan de dea

O de jûn dy’t yn de tsjustere doarpen fan de bernetiid lûkt.
De fiver ûnder de wylgen
Rint fol mei de ferpeste suchten fan de swiermoedigens.

Lês hjir fierder

 

Sang fan de ûntfallene
Oan Karl Borromaeus Heinrich

Fol harmonyen is de flecht fan de fûgels. De griene wâlden
Hawwe harren jûns ta stillere hutten fergearre;
De kristallen greiden fan de ree.… Lês fierder

Teleks: Nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

logo.ensafh

Op snein 20 desimber giet der wer in nije poëzijfideo yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Presintaasje poëzijstien Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op tongersdei 9 desimber wurdt oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Asman’, oersetten troch Anne Feddema, is yn opdracht fan Historisch Centrum Leeuwarden spesjaal skreaun foar it 150-jierrige jubileum fan de Ljouwerter stedsreiniging. It gedicht is in dei letter ek te lêzen yn de Ljouwerter Krante, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Frylân.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder