Blog Johan Veenstra: Waor hebben meensken aenlik verstaand veur kregen?

logo.ensafh

Et virus zit nog zes tot acht weken in mien bloed. Mar ik kan now zels gieniene meer besmetten. Ik moet trouwens niet daenken da’k now zels imuum bin, dat is niet zo. Ik bin dus vandaege mit een mondkappien veur naor de supermark west. Daor leupen ok nog dwaelgeesten omme zonder mondkappien veur… Waor hebben meensken aenlik verstaand veur kregen?

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: De fernijde Praat mar Frysk-app: altyd in Frysk wurdboek by dy!

logo.ensafh

De fernijde Praat mar Frysk-app bestiet út in superhandich wurdboek Nederlânsk-Frysk, Frysk-Nederlânsk, sa makkest nea wer in flater! Wolst dyn Frysk byspikerje of fynst it aardich om in Fryske taalkwis te dwaan? Mei de Blinder of Blunder-taalkwis yn de app learst fan alles oer it Frysk en hâldst dyn Frysk by de tiid.

Lês fierder by de AfûkLês fierder

Henk van der Veer

foar Fang

logo.ensafh

     

 

 

                                                   foar Fang

Trene op maandachmòrren

over de eeuwenouwe Groëne Dyk klinkt ut sompege
gelúd fan kleurege spòrtskoënen -klikklak-klikklak
klikklak-klikklak-klikklak-klik…-

de hèrstregen komt met bakken út un grize lucht
allienech frêle Fang lacht har tannen fleurech bloat
hoor, hoor dan toch de regen zingt, skaterlacht aziatise Fang
-ik docht dat Sinezen allienech pingponge konden!-

Hollaanse Eva steunt, Age kearel fan de Lege Geaën kreunt,
trener Martin fytst swijchsem achter oans an
ik, stadsjonkje rachel fanachter út ’e stròt groate rachels

maandachmòrren op ’e eeuwenouwe Groëne Dyk
hier foëlt Fang har thús
wij trouwens ok!
klikklak-klikklak-klikklak-klikklak-klikklak-klik…… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Perspektyf is te hanthavenjen

logo.ensafh

Noch net sa mâle lang lyn ha wy in snuorje hân dat wy neffens politisy fan alles en noch wat ‘meemaken’ moasten. Want as ien politikus wat ‘meemaken’ wol dan wol de oare it ek ‘meemaken’ en dus wolle se it allegeare ‘meemaken’. Om my hie ik dat net ‘meemaken’ hoecht mar jo ûntkamen der net oan.

No binne politisy frijwat ritich dat it ‘meemaken’ is ferballe troch ‘perspectief’. Alle politisy hawwe it no oer perspektyf. Jo meie hoopje dat se opsocht hawwe wat perspektyf is al bin ik sa frij der fan út te gean dat se dat net dien hawwe.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Omrop F.

logo.ensafh

Yn ’e Ljouwerter fan 13 novimber skreau Martsje de Jong yn har twa-wyklikse column: ‘Miskien kin de Omrop kultuer en literatuer in like struktureel plak jaan op radio en tv as fuotbal. En dan net fokusje op rebûlje of minne ferkeapsifers, mar prate oer de ynhâld’.

Dat ik har sizzen ûnderskriuw, sil gjinien nij dwaan. Al jierren wurdt út Skriuwend Fryslân wei besocht om ús Omrop safier te krijen (wer) serieus te sjen nei de mooglikheid om de kultuer yn Fryslân better om te setten yn lûd en byld. Tagelyk is it troch de jierren hinne op dat mêd allinnich mar minder wurden.… Lês fierder

Teleks: Fernijde poarte nei it Frysktalige web iepen

logo.ensafh

De Ried fan de Fryske Beweging set in fenijde poarte nei Frysktalige websiden iepen: op Startside.frl wurdt it Frysktalige part fan it wrâldwide web yn de etalaazje set. Fan dy side kin trochklikt wurde nei alle Frystalige websiden dy’t op it stuit by de Ried bekend binne. Fierders ferskine der algeduerigen farske trochkliks nei it lêste nijs fan foarname Frysktalige siden. Boppedat is der op Startside.frl nijsgjirige eftergrûnynformaasje te finen oer Fryslân, de Friezen en it Frysk.

Lês fierder by It NijsLês fierder