Ik mei graach oer de films dêr’t Brad Pitt en George Clooney tegearre as oanfierders fan in stel oerfallers yn spylje.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ik mei graach oer de films dêr’t Brad Pitt en George Clooney tegearre as oanfierders fan in stel oerfallers yn spylje.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.
Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?… Lês fierder
De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaune spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies mocht de skriuwers ûnderfreegje en fertelt no ús har ûnderfiningen.
Wat is it ferskil mei de earste rige Boekekast?
“Yn seizoen 1 wie it in seleksje fan boekfragminten en koarte ferhalen út de besteande literatuer. Dit seizoen ha wy acht Fryske skriuwers frege om spesjaal foar dizze podcast in ferhaal te skriuwen.… Lês fierder
Boppe wetter
Hoe’t in lytse literatuer him ûnderskiedt fan gruttere (of fan harsels as ‘grutter’ beskôgjende) literatueren? Troch yn alles lyts te wêzen, tinkt my. En nee, dat bedoel ik net negatyf. Want lyts hat syn sjarme, sa’t ik earder al oer myn kar foar in ‘lytse’ útjouwer skreau.
Fansels bin ik my der wier wol bewust fan dat ‘lyts’ ek algau ‘kneuterich’ wurde kin. Ek fierder binne der wol neidielen, mei oan kop it gegeven dat je elkoar oeral tsjinkomme. Omdat de romte no ienris beheind is. Wêrtroch’t de ien samar op in oar syn (justjes te lange) teannen traapje kin.… Lês fierder
Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma.
Lês fierder by Sirkwy… Lês fierder
Doe’t ik lêst in kear yn ‘e auto siet, krige ik ynienen in bepaald gefoel dat út djipst fan myn siel nei de oerflakte kaam mar it wie net in opfleaner. Fan dit gefoel waard ik hiel fleurich en ik fielde my sa lokkich, doe’t de bylden my troch holle de skeaten. Doe’t direkt dêrnei it besef kaam dat it ûnmooglik wie, sakke de moed my ek dalik wer yn ‘e skuon.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Een boek is een verzameling woorden, die samen zinnen vormen, die samenkomen tot een manuscript. Klinkt simpel, maar elke schrijver weet dat er enorm veel bij komt kijken. En dat er veel fouten zijn die je kan maken tijdens het schrijven van je boek. Lees hier hoe je dat kunt voorkomen!
Lês fierder by Schrijven Online… Lês fierder