Teleks: Ferslach presintaasje ‘Boechbylden’, Slauerhoff yn it Frysk

logo.ensafh

BOECHBYLD FOAR BOECHBYLD BROK

Hjoed is yn ’e SlauerHoff by boekhannel Van der Velde te Ljouwert it earste eksimplaar fan it boek ‘Boechbylden’ oanbean oan de kommissaris fan de Kening yn Fryslân, de hear Arno Brok.
Foar dizze lang ferwachte útjefte binne fersen Jan Jacob Slauerhoff útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam en Abe de Vries. De lêste spruts de kommissaris ta.
“Boechbylden, it risseltaat, hat jierren ûnderweis west. It sonk, it kaam wer boppe wetter, en dan wie it wer fuort – dit boek hat wat dat oanbelanget wol wat fan de Vliegende Hollander hân – mar no is it der dan einlings.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Poepseks en kannibalen: Sipke de Schiffart skreau boek Sjappy sûnder rem mar wol mei styl

Bach sil noait mear itselde wêze, of in dûmny yn toga, nei it lêzen fan Sjappy. Yn dit tsjokke boek jout Sipke de Schiffart in stim oan in man fol frustraasjes en mei in beheind ferstân. It giet der rûch om wei. Mar sûnder Jacob Noordmans wie it faaks net sa fier kommen.

,,Hast myn boek lêzen?”, freget Sipke de Schiffart (60) as ik him belje foar in ôfspraak. ,,Dan meist ek wol ‘do’ sizze.”

Lês fierder by Jacob Haagsma op de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Nije kollumnisten by de Ljouwerter Krante

logo.ensafh

Naast het Stellingwerfs krijgt ook het Bildts een eigen column in de LC. Vanaf volgende week dinsdag wisselen Gerard de Jong (voor het Bildts) en Johan Veenstra elkaar af.

Gerard de Jong woont sinds kort in hoofdplaats Leeuwarden, maar dat maakt hem nog niet minder Bildts. ,,Ik kreeg al kommentaar, wat mot ’n Bilkert nou in Luwt? Maar ik bin d’r nag faak genog.”

Martsje de Jong wordt de nieuwe, tweewekelijkse columniste op de Fryske side van onze culturele bijlage Freed. ,,Ik bin net sunich mei mieningen.”

,,It moat net lykje oft ik as in hormoanaal stik wanhoop mei ûnder eltse earm in opfleander en de bloeddruk oant efter de earen de wrâld te liif gean.… Lês fierder

Aginda 26-09-20: Europeeske Taledei mei streektalen en Tsead Bruinja

logo.ensafh

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.… Lês fierder

Teleks: Durk van der Ploeg: fragminten út “De Belvedêre”

logo.ensafh

Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: fragminten út de roman De Belvedêre (2012) ferwurke yn in filmke troch studinten fan NHL Stenden.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder