Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

Teätermantsje
It libben fan ien dy’t yn in teäterproduksje meidocht is no net fan it rêstige gean-mar-sitten-it-komt-fansels-wol-ynoarder-soart. Nee, it is gewoanwei hiel hurd bealgjen, in hiel programma ôfwurkje en dat alle dagen wer op ‘e nij.… Lês fierder