Thøger Jensen, Geart Tigchelaar

Fiif ferhalen fan Thøger Jensen

logo.ensafh

Thøger Jensen – I vores familie kan vi ikke lide ubåde (Borgen, 1998)
Oersetting: Geart Tigchelaar

Hy hie ea in kolly hân

No hie syn mem har beklach wer dien oer har skoandochter. Hy hat nea wenne kinnen oan dy mem. Tajûn, it wie net de perfektste frou dy’t er foar himsels útsocht hie, mar it wie yn alle gefallen net oan jins mem om jin dat witte te litten. Se krige nea har nocht fan it kleien. Sa wie se bgl. ek net tefreden mei syn pensjoentegoed. Hja litte, dat wie hiel dúdlik.
As syn mem in hûn west hie, hie er har ôfsketten.… Lês fierder

Teleks: Ried fan Europa seit it wer: der moat mear Fryske les komme

logo.ensafh

De skoallen yn Fryslân lûke fierstente min tiid út foar it Frysk. Faak is dat mar 45 minuten wyks. Dêrmei foldocht Nederlân net oan de ynternasjonale ferplichtings op it mêd fan de soarch foar minderheidstalen. Dat sizze de ynternasjonale saakkundigen dy’t út namme fan de Ried fan Europa it Fryske taalbelied besjoen hawwe.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Aant Mulder: Groulivigens

logo.ensafh

Dêr binne we moai mei yn ’e pronk! Wa hie dat tinke kinnen. Ha we it oer koroana en alles wat dêrmei te krijen hat, giet it ynienen oer groulivigens. Ik hoech my net ôf te freegjen wat koroana en groulivigens mei-inoar te krijen ha, want út de media wei wurdt my dat daliks wol dúdlik. It begjint eins allegearre by Boris Johnson, de Britske premier. Hy hat koroana hân en doe waard him dúdlik dat er eins fierstente grou wie. Sûnt draaft er alle moarntiden in skoftke en dêr fielt er him stikken better by. Johnson wol dêrom dat alle te grouwe Britten ôffalle.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Skiep op it strân

logo.ensafh

Minsken binne sosjale wêzens. Se hâlde der fan om inoar op te sykjen, om inoar te besjen, om mei-inoar te praten en om inoar oan te reitsjen. De minske is in groeps- en gewoantedier, fielt him op syn bêst yn de keppel. It hâlden en dragen fan dy minske is biologysk-evolúsjonêr prima te ferklearjen. Wat net sizze wol dat men jin as part fan dy keppel net fernuverje kin oer wat de soartgenoaten bytiden allegear by de ein ha.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Ferskate ynstellings fiskje achter net by ferdieling kultuerjild

logo.ensafh

Ferskate Fryske kulturele organisaasjes en ynstellingen fiskje achter it net as it giet om subsydzje fan it Fonds Podiumkunsten. It Noordpool Orkest yn Drachten hie om twa ton frege, mar krijt neat, omdat it Fonds Podiumkunsten fynt dat it orkest in ûndúdlike artistike koers fart.

Datselde jildt foar keunstner Meindert Talma.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder