Henk Nijp

Rinne mei Covid

logo.ensafh

It draven leit al in skoftke stil yn ferbân mei in ûnnoazele blessuere, net slim mar wol lestich. Gewoan rinne, kuierje, giet wol. Dan is der mar in bytsje kar ast dochs wat yn beweging bliuwe wolst. Mar yn dizze mâle tiden mei omfleanende firussen en in yntelligente lockdown yn it lân freget dat al wat oanpassingen. Gewoan sljochtweihinne samar in eintsje om is der net mear by. Dat moat mei ferdrach. Wy kinne noch wol in frisse noas helje, as dat mar net massaal bart. It is dus saak sa min mooglik minsken tsjin te kommen ûnderweis. Jûns let is dan in opsje mar dan sjochst hast neat fan de maitiidserupsjes en dy wolst net misse.… Lês fierder

Besprek ‘SIlke en miss Dee’ fan Baukje Wytsma

logo.ensafh

Silke wennet op in pleats yn in lyts doarp. Alle dagen moat se mei de bus nei skoalle. Silke hat it net nei ’t sin op skoalle. Twa famkes moatte har altyd ha. Se fine har te sleau, se fine dat se te stil is of dat se stjonkt. En juf sjocht de oare kant út. Silke fynt skoalle stom.
Flakby de bushalte wennet Jessy Dee mei har hûn Charlie en kat Fluffy. Sy hâldt fan taal, fan ferskes, fan ferhalen. Har hiele hûs is fol mei kranten. De muorren binne der mei behongen, se lizze as flierkleed op ’e flier en as tekken op it bêd.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Standje oververhit

logo.ensafh

Yn de skiednis hat der meardere kearen in pandemy west. De iene duorre langer as de oare, mar se hienen ien ding itselde: op in gegeven stuit wie it wer oer. De tiid hellet alles yn. Op dit stuit sirkulearje in soad ferhalen oer hoe’t it no sa kaam is. Dat is in fraach dy’t relevant is, want der is gjin takomst sûnder ferline. Mar belangriker is, wat sille de gefolgen wêze as ek dizze krisis him aanst wer deljûn hat. Sil der in debat op gong komme dat echt giet oer hoe’t wy de wolfeart ynrjochtsje? Sil der in debat op gong komme dat NET oer jild giet?… Lês fierder

Aggie van der Meer: Duvels besteane net

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,Duvels besteane net.’’

Niet alleen is de verwarring groot in onze dagen, de verleiding doet er niet voor onder.

Heel lang gelden woonde de Verleiding in het Julianapark in Bolsward. Als wij daar met oud brood voor de eenden naartoe gingen (we wisten toen niet dat die daarvan twee jaar eerder doodgaan) was er eerst de Verleiding.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder