Teleks: Portret Aggie van der Meer

logo.ensafh

Tresoar hat in nij portret tafoege oan de searje Gysbert Japicxpriiswinners. It is al hast in tradysje wurden dat de Gysbert Japicxpriiswinner in skildere portret kriget yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn 2019 wûn Aggie van der Meer (1927) fan Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Douwe Elias fan Frjentsjer hat har steande skildere mei foar har alderhanne wurk, want hja wurket noch altyd oan ferskate opdrachten. Elias skildere earder ek de portretten fan Tiny Mulder en Piter Boersma yn dizze searje.

Lês en sjoch fierder by TresoaLês fierder

Duo von Däniken

Taspraak Kommissaris fan de Kening Arno Brok n.o.f. it Corona-firus

logo.ensafh

Op 27-02-2020 hat Kommissaris fan de Kening Arno Brok in taspraak opnommen yn de studio fan Omrop Fryslân, nei oanlieding fan de Corona-krisis. Dizze wichtige taspraak kinne jo hjirûnder belústerje.

https://soundcloud.com/duo-von-daniken/taspraak-kommisaris-fan-de-kening-arno-brok-nof-it-corona-firus… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Oflassing gearkomste

logo.ensafh

Wy ha moarn in tige wichtige gearkomste. Ik kin der fierder net tefolle oer sizze hoewol’t de foarsitter fan ien klup der al wat publike meidielings oer dien hat. Hoe dan ek, ik ha it manuskript efkes útprinte. Dat is net maklik mei in knoffelich wifidinkje fan KPN dat ik bin lang om let noch yn doazen mei USB-kabels dûkt. Mar dat allegearre tersijde.

Der wankt gefaar foar dy gearkomste. Omdat der moarn in ekstra útstjoering op NPO is oer wat dêr’t nochal wat fragen oer binne. Dat mooglik moat sa’n gearkomste wol ôflast wurde om’t it fansels folslein ûnferantwurde is minsken de mooglikheid te ûntnimmen sa’n programma te sjen.… Lês fierder

Teleks: Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

logo.ensafh

Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.

De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, hat de teksten anonym beoardiele.

De winners
By de gedichten hat Syds Wiersma de earste priis wûn mei syn fers ‘de put’. De sjuery seit dêroer:
“It is in gedicht dat sawol tagonklik as fernimstich is. It tema is dat minsken gjin emoasjes talitte omdat emoasjes sear dwaan kinne.”… Lês fierder

Teleks: Hein Jaap Hilarides wint Bildts diktee

logo.ensafh

En op ’e nij hewwe wij ’n ândere winner! Na Femke Keizer, Geke Postma en Andries Hogenhuis waar op dînsdeg 25 febrewary l.l. Hein Jaap Hilarides de beste. Hij had seuven fouten maakt en dat waar ’n hele goeie prestasy. ’n Goeie prestasy omdat elkeneen d’r wel over eens waar dat deuze edisy de meest drege waar fan de fier.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: ‘Lexicon Frisicum’ tagonklik makke foar de lêzer fan hjoed-de-dei. Ek online beskikber.

logo.ensafh

In lytse 150 jier lyn skreau de bekende Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) de Lexicon Frisicum, in earste besykjen ta in wurdboek fan it eigentiidske Frysk. It wie noch net klear doe’t hy ferstoar, mar syn boek yn it Latyn hat wol tige wichtich west foar de Fryske taal. Taalkundige Anne Dykstra fan Akkrum hat it boek no oerset, sa’t it wichtige boek foar in gruttere groep minsken te lêzen is.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân 

It ‘Lexicon Frisicum is ek online beskikber: http://lexiconfrisicum.ivdnt.org/Lês fierder