Teleks: Sipke de Schiffart moannedichter by RIXT

logo.ensafh

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne desimber by RIXT

generaasjekleau

ús heit wie in âlderwetske boer,
hy gong moarns om healwei fjouweren
oant wurk
en ferwachte fan my itselde

mar ik wie in heale ieu jonger
en gong jûns let op bêd,
nei’t ik sjoen hie nei
Veronica en de VPRO,
dêrom kaam ik moarns letter fan ’t bêd ôf

Lês fierder by RIXT

 … Lês fierder

Teleks: Boekekast #12: De kleur fan Drinte fan Anne Feddema

logo.ensafh

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze tolfde Boekekast it ferhaal ‘De kleur fan Drinte’ fan Anne Feddema. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anne Feddema sels.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Lomme Schokker: It Helgolânske fiersicht (2)

logo.ensafh

Wer bist du, Tineke?
Dein Ansichtssendung aus Fryslân, die ehrliche Seele. Ik bin dyn eagen. Ik bin dyn earste en lêste leafde. De meireizger yn fertrouwen. It fjirde klasse HBS-provinsjaaltsje, dy’t foar it fak Dútsk der sa min foarstiet dat se de suggestje om yn dy ûneinige fakânsje in wike by heit syn Dútske kunde te útfanhûzjen wol serieus nimme moat. In skruten famke dy’t woe dat se wie as har heit, want dy wit wat er wol en seit wat er tinkt.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Henk van der Veer

Herfòrmde sundachskoal

logo.ensafh

’t Was mid-den in de win-ter.
’t Was mid-den in de nacht.
En’t was héél koud.
En héél stil…

magistrale opening fan su’n klein literêr
W.G. van de Hulst-júweeltsje dat Sneker
kyndes op ut Kerstfeest in ut gebou fan
Chris-laat-je-behangen an de Westersingel kregen

ik tover ut sprookje su wear foar ogen
de groate boom met dúzend échte kearskes
de gloeiendhite súkelademelk
ut púdsje fruit & de Koetjesreep, geweldech!

mar dat prachtege W.G. van de Hulst-boekje
met helemaal foarin ut stempel fan
Hervormde Zondagschool De Zaaier
bliëft un kostber besit ok al is ut jaren later… Lês fierder

Teleks: Petear mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

Als je Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja (45) uit Amsterdam vraagt waar hij is geboren, zegt hij: Op de Heechfinne, tussen Damwâld en Rin- sumageast. Hij woonde daar met zijn ouders en twee zussen, een oudere en eentje die zes jaar jonger was. ,,Myn âlders wiene beide bern fan feeboeren, de ien yn Damwâld, de oar yn Eastrum. As jonkje haw ik dêr in protte útfanhûs west.’

Lês en sjoch fierder by de WestereenderLês fierder

Blog Abe de Vries: It Taalweb Frysk hat in bjuster brek

logo.ensafh

Sûnt 2 febrewaris 2015 stiet it Taalweb Frysk online. It is in portal, ûntwikkele troch de leksikografen fan de Fryske Akademy, mei helpmiddels ‘foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol’. Dat Taalweb Frysk, mei ‘in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark’, is hjir te finen. Ik meitsje der in protte gebrûk fan en ik kin it fan herten oanbefelje – mar ien ding kloppet net.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder