Blog Daam de Vries: Feestlik fierder

logo.ensafh

It wie wol wer in moaie wike mei allerhande heuchlik nijs. It iene wat feestliker as it oare mar troch de bank nommen skarrelje wy stadich de goede kant út.

Feestbeesten as wy binne is der samar ynienen yn de neisleep fan it kulturele feest fan okkerlêsten in folslein nije tradysje ûntstien. Ik hoech fansels net út te lizzen wat dy tradysje is want dat wit elk dy’t himsels de Fryske identiteit tadichtet.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Aginda 03-10-2019: Boekoanbieding karlêzing Waling Dykstra

logo.ensafh

Abe de Vries en Goffe Jensma jouwe beide in lêzing oer Waling Dykstra. Abe sil wat fertelle oer it troch him gearstalde boek: ‘Waling Dykstra, duvelskeunstner. Gedicht.’ Goffe Jensma sil ús besykje te oertsjûgjen wêrom’t ‘Waling-om’ sa’n grutte ynfloed hie en wêrom it ús yn dizze tiid noch altyd wat seit.
It earste eksimplaar fan it boek sil yn ûntfangst naam wurde troch Philippus Breuker.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’.

Tekst: TresoarLês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Septimber 2019

logo.ensafh

Poëzij

Gerrit de Vries
Unlân
Hispel, Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 12,00
ISBN 9789074516310

Unlân is de debútbondel fan Gerrit de Vries. De bondel fangt it libben yn meast hurde, wrange en wanhopige bylden. Wat dêryn trochbrekt is de langst nei tagedienens.

 

Syds Wiersma
Lân sûnder ljurk
Hispel Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 15,00
ISBN 9789074516334

Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963).

De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit.… Lês fierder