Bij thúskomst fan in stedetrip út Marrakech leit der in roukaart op’e doarsmatte, in moaie roukaart dat wol. Of kinne roukaarten net moai wêze? Akky Kuiper-Van der Veer is ferstoarn. Amper in moanne lyn krige ik it berjocht fan Akky har bern dat se slim siik wie.
No is Akky net mear ûnder ús en stiet dizze tekst op’e roukaart:
Bin ik no útleard, frege in fro
Yn dit libben wol, antwurdde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort
Lês fierder by Henk van der Veer… Lês fierder