Teleks: Robert Frost yn it Frysk

logo.ensafh

ROBERT FROST YN IT FRYSK

ALDSYL – Yn Aldsyl City of Literature is moandei 18 maart ferskynd de blomlêzing In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries.

In rûgel wyt wurdt oanbean as frij del te laten e-book en befettet 32 Fryske oersettingen fan gedichten fan de Amerikaanske dichter Robert Frost (1874-1963). Frost, in tiidgenoat fan Obe Postma, wie de ferneamdste Amerikaanske dichter fan de earste helte fan de tweintichste ieu; hy krige fjouwer kear de Pulitzer Prize takend. Net earder is der in blomlêzing yn it Frysk út syn wurk publisearre.

Om reden fan copyright befettet de bondel net de Ingelsktalige orizjinelen.… Lês fierder

Teleks: Jurjen van der Meer wint oersetwedstriid ‘De Nije’

logo.ensafh

Yn De Nije, in glimmer dy’t yn desimber 2019 útjûn is troch de Ried fan de Fryske Beweging, wie in oersetwedstriid opnommen. Ut de taljochting dêrby:
“In the Big Rock Candy Mountains’ giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Jo meie it pleatse nei dizze tiid en nei Fryslân. De saakkundige sjuery hechtet deroan dat it sjongber is en dat it boadskip bewarre bliuwt.”

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019

logo.ensafh

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis is de earste kûgel troch de tsjerke.
De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Eppie Dam, Lida Dykstra, Mirjam van Houten, Auck Peanstra & Riemkje Pitstra en Koos Tiemersma binne de nominearren.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma

It earste ljipaai fan Denemarken

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar holden fan 11 oant 17 maart 2019 yn Aarhus ta. Doe’t hja in besite brochten oan it Moesgaard Museum fûn Elmar Kuiper op it skeane tek it alderearste ljipaai fan Denemarken.

https://youtu.be/v8sBhFjwU94

 

 … Lês fierder

Blog Daam de Vries: Grutsk? Ik skamje my dea!

logo.ensafh

By de audysjes waard in moai soad bagger oer ús útstoart. Ien fan de hypes liket te wêzen dat it wêzen fan homo, lesbienne of transgender hjoed-de-dei as talint beskôge wurdt. Ik soe sizze: ophâlde mei dy flauwekul, in minske is wat it is, dêr komt nul talint by om ‘e hoeke. Fierder wiene der noch wol aardich wat folwoeksenen dy’t harsels op ien as d’oare wize straal foar gek setten. Dat moatte se suver sels mar witte.

Lês fierder by DaamLês fierder