Piter Boersma

Sinjalemint: Josse de Haan yn it Nederlânsk

logo.ensafh

Fan Josse de Haan is in Nederlânsktalich bondeltsje útkommen mei de titel Rode bus in magisch landschap. It mei twa nytsjes op ’e rêch ienfâldich útjûne boekje stiet in syklus fan tolve titelleaze gedichten yn oer de fassinaasje fan de dichter foar it yn syn jeugd noch besteande fenomeen fan buskonduktrise (yn dit gefal op de ferneamde reade LAB-bussen) of leaver sein in spesifyk eksimplaar dêrfan, konduktrise Anna: ‘de conductrice in het krapgegoten costuum / lacht mijn ogen en gedachten bloot / de machine in haar buik draait ticket H.0133’ (s. 3) en ‘als ANNA thuis kwam in haar huidgegoten BUSdress / een CAMEL tussen de busrood gestifte lippen / ….… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint Willem Abma: Inerlik ferskinen

logo.ensafh

Inerlik ferskinen fan Willem Abma is al syn 19e dichtbondel. Dêrnjonken hat er ek tal fan romans, toanielteksten en in ferhalebondel skreaun. Earder publisearre er ûnder it pseudonym Daniël Daen.
De nije bondel is út seis skiften opboud: Ferglide, Kear, Do op it klif, Frjemd hast eigen, Oer en wer en Oersettingen. Yn totaal steane der mear as tachtich fersen yn en dat is in moai nustje. Ut de flaptekst komt nei foaren dat de poëtyske sirkel (moai yllustrearre op de foarkant) fan Abma rûn liket te wêzen en der stiet dat dizze bondel in soarte fan slotakkoard liket te wêzen.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Dit riedsel dat wy dele

logo.ensafh

De nijste poëzybondel fan Albertina Soepboer is ferskynd ein 2010 by útjouwerij Contact Amsterdam/Antwerpen en befettet fjouwerentritich Fryske fan de yn totaal sa’n santich Hollânske sonnetten; de helte sawat is yn it Frysk ûntstien en ek oerset, de oare helte is net oerset. Dat bringt dizze jefte wat út lykwicht, want hoe dat sa net? Ik behein my yn dizzen foar it neist ta dy Fryske, dy’t yn in moai sêftgrize letter printe stean.

De bondel begjint kalm en wat dizenich mei in soad see en blau, mar yn it skift sûnder de tiid komt it grutte wurd der út:

viale delle belle arti

har hân leit stevich om syn heupen, tram 2
dinderet foarby, appassionata, de ôfkoarting
foarby, dit is it grutte wurd, dit is wat sein
wurde wol, appassionata, as in flamme achter

de tram oan, in broeksbûse yn fjoer, in tonge
siket syn mûle, brillen ferskowe, werhelje it
wurd, sis it lûdop, de âlde muorren kelderje
de tram heakket yn ’e bocht en it giet oan op

hoe’t se op my ôfkomt mei it oantekenskrift
har hoed leit op it bankje, rêst om de lippen
spriedt de weach troch de iris fan it each hinne

wat se net sizze kin is hoe’t de muorre sinne
kleure is by har, wat de steapel boeken seit
oer dit riedsel dat wy dele: it hert fan in man

s.… Lês fierder

Jelma Knol

Tear en sear, de gedichten fan Irene Bal

logo.ensafh

De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast, hyt de twatalige debútbondel fan Irene Bal, dy’t prachtich fersoarge útjûn is, mei foto’s fan Ronald Arthur van Schaik by elk gedicht. Stichting Uitgeverij Philip Elchers út Grins is de útjouwer.
Fansels bin ik de lêste dy’t dizze bondel resinsearje moat, want ik haw in saaklike relaasje mei frou Bal: se hat twa berneboeken útjûn by de Friese Pers Boekerij. Mar wat goed is moat sinjalearre wurde: sjoch dit stikje dan mar as in net al te objektive foarm fan konsumintefoarljochting.

De titel(s) fan de bondel fan Bal (tenei neam ik yn dit besprek allinne de Fryske titel fan in fers en de side) is/binne fuortdaliks al moai dûbelsinnich.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

RAP RAPPER RAPST

logo.ensafh

Wat ‘duvelskeunster’ Anne Feddema allegear by de ein hat, lycht der net om. Ik sil net de earste wêze dy’t him sa neamt, dat it wurd stiet hjir tusken skrapkes as gou it in sitaat. De Gysbert Japikspriis fan ferline jier like wol foar him útfûn, of is ’t oarsom? Ommers, sa flitsend en fol gemak en licht fan sin! Foar Reidhintsje op ’e Styx (2005) krige hy de heechste literêre priis fan Fryslân, en dan stim ik yn Eeltsje Hettinga syn miening mei, dat sa’n priis net wûn wurdt. De priis waard him jûn.

Yn syn nijste poëzybondel, Torpedo’s los, giet it yn it earste fers fuort al de profundis en de lêzer wurdt daliks dronken fan de koarte rigels en de automatyske haadletters nei alle inters.… Lês fierder

Piter Boersma

In bekearing mei help fan kofje

logo.ensafh

Yn syn nije dichtbondel Op ‘e kofje yn ‘e kosmos fertelt Jouke Hylkema yn dichtfoarm in ferhaal. It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel. De wiidweidige flaptekst makket de lêzer yn it foar paadwiis en dat is yn dit gefal moai meinommen (der stiet sels mear as yn de bondel sels oan gegevens te finen is): ‘Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei “Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan it libben op ierde.… Lês fierder

Edwin de Groot

Sinjalemint

logo.ensafh

Fan glês it brekken is de debútdichtbondel fan Elske Kampen.
Mei it gedicht ‘Altyd de loft’ wûn Elske Kampen de JM-priis en oan dat gedicht wie al te sjen hoe ryk har taal is. Lyksa oan de publikaasjes yn de bekende Frysktalige tydskriften en de Rely Jorritsma-prizen dy’t sy al wûn hat.
De poëzy fan Kampen sjongt. Op it omkaft wurdt de taal ‘in gefoelich ynstrumint fol meldijen’ neamd.
It ûntbrekt yn dizze muzyk lykwols net oan wurden dy’t men ek faak yn oare poëzy tsjinkomt en dan faak yn konstruksjes dy’t foar de lêzer absolút neat mear oerlitte. Dat alles op papier sein wurdt en klear.… Lês fierder