
It Kadoboek fan Swalk 2015 is De Ferjilder fan Marten Toonder yn de oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Tankewol. Ik haw my dêr in oere tige mei fermakke, sa’t ik dat altiten doch mei de wurken fan Bremer en Hoekstra. Op de bekende boartlike en fernimstige wize is it argayske Bommeltaaltsje oerset yn geef Frysk, yn in idioom dat foar 1940 noch húsriem wie yn beskate rûnten. Moai fan de Bommelútjeften yn oblongformaat is ek dat de kostlike tekeningen justjes wat grutter binne as yn de âlde Bezige Bij-paperbacks. En it jout pommeranten as Dijsselbloem (of syn foarljochter) werris de kâns om in ferdivedearjend foaropwurdsje te skriuwen.… Lês fierder