Hidde Boersma

De Enigmatysk Ferljochte

logo.ensafh

Yn ’e âld learen stoel mei in kop kofje yn ’e hân sit ik omjûn troch de dichtbondels fan Cornelis van der Wal en in stikmannich jonge magneten, myn soan fan fjouwer en syn maten, te aventoerjen yn ’e skedelkosmos fan it Mantsje, Knilles, Kees, Cornelis. Wat in sûnderlinge krusing tusken in aap en in preester is dy Fryske dichter dochs.

Yn syn lêste bondel Wolf yn harnas sprekt er oer stjerren en planeten, it doarpke Betlehim, lilke wyn en fersûpe lykas foarsein; oer swalkers, boargers, pommeranten, de kont fan de ridder en it glydzjen fan soppige parren yn de mar; oer baarch bret yn beppe’ boerebûter, mei ierappels, soere stip en slaad; oer brânoffers, triljend fruit, skerpe tosken, god en satan; oer ûle, mûs en marter; oer ûnderwerpen en ek dingen.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2018, Relynûmer

logo.ensafh

Redaksjoneel

Hjir leit wer it jierlikse Ensafh-nûmer mei de priiswinnende ferhalen en gedichten fan de Rely Jorritsma-priisfraach foar jo. Der is al wat feroare. Yn it foarste plak dit: dat de gemeente Littenserdiel net mear bestiet en it bestjoer fan de stichting oergongen is nei de gemeente Ljouwert. It hoe en wat wurdt yn it foarwurd by dit nûmer, ‘Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld’.

 

Ynhâld

Redaksjoneel

Rely Jorritsmafûns ûnder nij bewâld

John Bosma
Au

Paul van Dijk
Kintsugi foar in diggelbast

Edwin de Groot
Sa as di wynd fan dae vlkenum wayde,

Sipke de Schiffart
In bysûndere moeting

Margreet de Jong
It weagjen fan de see

Lomme Schokker
It weagjen fan de see

Koos Tiemersma
De ereksje fan in oar

Oer de skriuwers

Sjueryferslach Rely Jorritsma-priis 2018

 

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Beart Oosterhaven

‘Friersk’, in fenomenaal goed album!

logo.ensafh

Mei syn tredde solo-cd, Friersk, hat sjonger/multy-ynstrumintalist Chris Kalsbeek fan Ljouwert ien fan ’e moaiste albums út ’e skiednis fan ’e Fryske folkmuzyk ôflevere! It is in plaat dy’t oer alle boegen tsjûget fan kwaliteit: tekstueel, muzikaal én produksjoneel.

Keltyske folkmuzyk
Chris Kalsbeek is in feteraan yn ’e folkmuzyk. Hy is al mear as fjirtich jier warber yn it sjenre. Tige oansprekkend wurk makke er as sjonger/gitarist/mandola- en bûzûkyspiler, harpist en banjospiler mei de groep Fling, dêr’t yn 1997 it ikoanyske album The Wild Swans At Coole fan ferskynde, en mei in oare Fryske folkfeteraan, Ernst Langhout fan Gau. Kalsbeek stie lêstneamde ûnder mear by op dy syn twadde solo-cd The Eye Of The Cyclone (1992) en, as lid fan ’e begeliedingsgroep The Hones, op Langhout syn earste Frysktalich album Nea foar altyd (1995).… Lês fierder

Lomme Schokker

Ferdinand de Jong: De tredde perioade

logo.ensafh

De Jong hat der aardich de gong yn mei it opbouwen fan in oeuvre. De tredde perioade is it seisde boek yn in tiidbestek fan acht jier en dat wol wat sizze. Twa jier lyn seach er nei Kanada foar De Nova Scotia staazje, al earder skreau er oer it Himalayaberchte en dizze kear teach er foar ynspiraasje nei de kjeld en koperminen fan Sibearië.

Luitenant Rodion Zakirov skopt in strieminne drilynstrukteur mei in dwerslesy de rolstoel yn en moat dan as boarger besykje in nij bestean yn Moskou op te bouwen. Dat slagget fan gjin kant, de mingels wodka bringe him ek net folle fierder en sa fynt buorfrou Lara op in dei Rodion by him thús mei de foardoar iepen, stomdronken yn syn eigen dridze.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Kristina Kočan út Slovenië

logo.ensafh

“I came to Ljouwert to finish my first book of short stories, whereas the second part of my writing plan was to write a cycle of poems about different kind of migrations/movements of birds, ships, even islands.”

Kristina Kočan (1981, Maribor Slovenië) is skriuwster en oersetster. Hja hat Ingelsk en Dútsk mei literatuer studearre oan de Universiteit fan Maribor. Hja hat in proefskrift skreaun oer hjoeddeiske Amerikaanske poëzij en dêr is se yn 2016 op promovearre. Oant no ta binne trije dichtbondels fan har hân útjûn, nammentlik Šara (2008, Litera), Kolesa in murve (Fytsen en moerbeien, 2014, Zavod Itadakimasu) en Šivje, dy’t yn jannewaris dit jier by Litera ferskynde.Lês fierder

Jelma Knol

Lêstips foar de neisimmer

logo.ensafh

Wa’t nocht hat oan de Fryske literatuerskiednis kin dizze neisimmer hielendal weidûke yn in pear mânske boekwurken dy’t it libben fan Joast Halbertsma, Douwe Kalma en oare pioniers fan minderheidstalen yn Europa beskriuwe. De âlde Friezen krije har gerak yn in hearlike samling fan de âldste boarnen, no yn in nije Fryske en Nederlânske oersetting.

Alpita de Jong hat mei har biografy fan Joast Halbertsma in lêsber en ynformatyf wurk taheakke oan har oeuvre. Dizze biografy is tagonkliker as de dissertaasje dy’t se earder oan syn wurk wijde. It trochrinnende ferhaal is noflik skreaun. De wiidweidige sitaten út alle mooglike boarnen steane apart yn it skift ‘Nawoorden’.… Lês fierder