Syds Wiersma

Lytse apology foar de ‘nuvere’ ôfbrekking

logo.ensafh

Yn syn besprek fan myn fan ’t simmer ferskynde dichtbondel Raffelwjok – ‘Byldrike ympresjes mei foarmferlet’ (Friesch Dagblad, 15 oktober 2016) – komt Abe de Vries ta de konklúzje dat de bondel oan krêft wûn hie, as ik mear omtinken oan foarm en technyk jûn hie. No fyn ik krityk prima – elk syn smaak, elk syn oardiel -, mar as de resinsint sa’n konklúzje lûkt wylst er it wichtichste foarmelemint yn de bondel oer de holle sjocht, dan is der dochs reden om mei in replyk te kommen. Ik die dêrom in post op Facebook en ferfolgens ûntstie der in koarte, ynhâldlike diskusje tusken Abe en my.Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (12): Friesche Tjerne is gewoan in minske

logo.ensafh

(Lêzing hâlden op de earste Dei fan de Fryske letterkunde op freed 7 oktober yn Tresoar, in inisjatyf fan dye Fryske Akademy yn it ramt fan it 350e betinkingsjier fan Gysbert Japicx en organisearre yn ’e mande mei Tresoar, Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat fan de NHL Hegeskoalle.)

(As foarôfgeande tafoeging oan de lêzing dit: de Frisistyk stelt op it taalkundige flak wol wat foar, sawol yn ’e breedte as de djipte; dêrfoar is it mei it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske letterkunde min steld. As dan immen promovearje wol op in psychoanalytyske stúdzje fan in gedicht fan Gysbert Japicx docht bliken dat it universitêr ûndersyk him fan in paradigma betsjinnet dat dy psychoanalytyske stúdzje bûtenslút: ieneach is kening.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Syktocht yn dream en werklikheid

logo.ensafh

Tritich jier nei syn debút de nacht midstwa komt Jaap Veenstra op ’e nij mei in dichtbondel. Ditkear is dy twatalich mei as titel Gatten yn it tek/Gaten in het dak. De op ’e Rottefalle wenjende dichter jout libbensbeskôging oan de Pabû fan Stenden te Ljouwert. Yn seis skiften komt der fan alles foarby: filosofy, religy, observaasjes op it moderne libben, it bywenjen fan de begraffenis fan syn mem. It hat der fan dat wat er oanstipt yn syn earste bondel no ferdjipping en ferbreding fûn hat.

Sawol yn de nacht midstwa as yn Gatten yn it tek komme kristlike ferwizings foar.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Marija Makeska út Masedoanië

logo.ensafh

‘We can actually improve ourselves by meditating, by connecting to nature and the surroundings.’

marija

Marija Makeska

De Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska is sûnt 15 septimber yn Fryslân. Sy sil yn it ramt fan it projekt Other Words / Oare Wurden acht wike yn Ljouwert ferbliuwe en dêr ûnder oare wurkje oan it skript fan har nije film: 2027: The Time of the Crystal Children. Marija (1986) is berne yn Skopje. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit (FS) en dêrnei gong se werom nei Skopje. Se skriuwt poëzij en toaniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The book of muses.… Lês fierder

André Looijenga

Obe 2016 en de Fryske oersetterij

logo.ensafh

Foarôfgeand oan it Boekefeest yn Tresoar dêr’t de winner bekend makke waard, hat André Looijenga in foarbeskôging jûn op de nominaasjes foar de Obe Postmapriis 2016. Dat wie by it evenemint ‘Obe Foarspul’ (organisearre troch Regaad en Skanomodu), yn it rom fan Teaterskip Bald’r yn de grêft by de Prinsetún.
Geart Tigchelaar hat de Obe Postmapriis wûn foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it lyts ynsekteboek’. Ensafh is fansels tige grutsk op it literêre multitalint fan ús redakteur Geart, dichter, roman- en brieveskriuwer, en bekroand oersetter!
Hjirûnder folget André syn lêzing fan 9 septimber 2016:

Ik sil it fan ’e middei ha oer de hjoeddeiske steat fan de Fryske oersetterij.… Lês fierder

André Looijenga

Hy rôlet dyn kant út oer it sân

logo.ensafh

Werom út Masedoanië bin ik earst yn Fryslân omtoarkjen bleaun. Ik mocht de Skriuwersarke bewenje. Dat wie in grut ferskil. Wat te grut eins: op ’e Feanhoop wie ik eins bot ûnwennich fan it Súd-Europeeske stedslibben, de minsken op strjitte, de terraskes dêr’t ik de heale middei siet te skriuwen by in kopke mei it lêste lije boaiemke турско кафе, со шеќер, средно фала (‘Turkske kofje mei in bytsje sûker, tanke’). Drachten op in healoere fytsen koe it fan Bitola net winne. En boppedat, ik moast dêr op ’e pôle fan Rink sitte en wurkje.

Grins, in lyts waarmteweachje, myn eigen keamer mei boeken, in wól-funksjonearjende UB, en oanspraak ha de ûnwennigens wat minder makke.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4 , 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel

Ik skriuw dit op it terras fan in kafee yn Bitola, Masedoanië. It is in âld keapmanshûs, ljochtgiel, yn Súd-Frânske styl suver. De haadstrjitte kruset hjir in strjitte mei parkearde auto’s, dêr’t ik fan wit dat it foar fyftich jier in streamke wie, mei op dit plak de Stiennen Brêge. De stêd is yn dizze streek in oäze yn in leechrinnend plattelân, in oarde fan boargerkultuer ek al is er troch grinzen yn in ôfhandige hoeke bedarre. Alle jûnen paradearje de lju yn elegante simmerklean hjir de haadstrjitte op en del.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder