Wiep Koehoorn

Lêze as in hazze, hinne en werom

logo.ensafh

Lêze en werlêze
De tredde poëzybondel dy’t de Fryske dichter Edwin de Groot (1963) yn 2013 by útjouwerij De Contrabas publisearre, is kwa titel en ynhâld alhiel twatalich. De dûbele titels In hazze is in lokkich bern en Een haas is een gelukkig kind binne nijsgjirrich, want soks ropt mear fragen op as dat it antwurden jout. Itselde hie ik mei it omslach fan it boek. In tal kearen frege ik my ôf wat dy griene halen dochs op it omslach betsjutte soenen, mar doe’t ik it boek ris oppakte wylst it in kwartslach draaid op ’e tafel lei, seach ik ynienen de hazzekop op it omslach.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Beart Oosterhaven: ‘Der is sawol kontinuïteit as in protte fernijing yn de Fryske popmuzyk’

logo.ensafh

Beart Oosterhaven (1956) is berne en opgroeid yn Hitsum. Nei syn ûnderwizersoplieding hat er in skoftsje by de Afûk wurke. Dêrnei waard er by de Fryske Akademy (FA) oansteld as taalkundich meiwurker. Letter waard er dêr einredakteur fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken en wie er fan 1993 oant de reorganisaasje fan de FA yn 2009 koördinator fan de Musikologyske Wurkgroep. Oosterhaven hat sjueryfoarsitter west fan it Frysktalich sjongfestival Liet en fan it festival Liet International. Hy wie muzykredakteur by it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1978-1982 fan yn de redaksje siet, en hat fiif jier lang kollums skreaun foar de F-side, de wyklikse Frysktalige side fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.Lês fierder

Meindert Reitsma

Eefkes de minske úthingje

logo.ensafh

“‘Ik wie God (…) Mar no net mear. No bin ik Bobo, Bobo Skat.’” (hst. 2). Bobo Skat, dat is de namme fan de haadpersoan fan it nijste Fryske boek fan Froon Akker (1952), In aap klimt út ’e beam, dat yn 2010 yn it Nederlânsk ferskynde as Hoe blond je aap. Hoewol, persoan? Bobo is gjin minske, mar in aap en net samar in aap. Hy stiet fierder yn de evolúsje as de trochsneed aap en jo soene him hast guon minsklike eigenskippen tadichtsje. It grutte doel fan Bobo is no krekt om dy eigenskippen better ûnder de knibbel te krijen, om sadwaande eefkes de minske út te hingjen, sa’t de minske ommers soms ek wol ris de aap úthingje wol.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Under de stôk opgroeid: Frysktalige popmuzyk anno 2014

logo.ensafh

Yn ’e hjerstfakânsje fan dit jier (13 o/m18 oktober) fierde Omrop Fryslân it earste lustrum fan ’e Fryske Muzykwike. It is fan ’t hjerst krekt twa kear sa ‘lang’ lyn, nammentlik tsien jier, dat ik de kopij ôfsleat foar myn boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004, dat yn 2005 ferskynde. It earste feit kin net los sjoen wurde fan it twadde.Yn dit artikel lis ik it ferbân út en jou ik de stân fan saken wer oangeande de Frysktalige popmuzyk anno 2014.

Minder PVV
Op moandei 30 augustus 2010, de middeis om 12.45 oere, skreau ik yn in e-mail oan Geert van Tuinen, Jan Ottevanger en Wim Brons fan Omrop Fryslân it folgjende: ‘Nei oanlieding fan ’e reaksjes dy’t ik hân haw op myn meidwaan oan it Sweedske radioprogramma oer Muzyk yn/út Fryslân dat op 25 july l.l.… Lês fierder

André Looijenga

Taalweb: de Fryske taalmienskip wachtet op ferstannige amendeminten

logo.ensafh

De spesjalisten en deistige brûkers fan de Fryske taal binne noch hieltyd bot ferdield oer de útstelde staveringsferoaring en de Fryske wurdlist. Dat blykte ek út de presintaasjes en de diskusje op de jûn dy’t de Fryske Akademy op moandei 1 desimber dêroer belein hie. Yn de taalmienskip is der gjin ienriedigens oer it nut fan in feroare skriuwwize fan guon Fryske wurden. Likegoed sil Provinsjale Steaten op woansdei 10 desimber in beslút nimme oer Taalweb, dêr’t op dit stuit de staveringsferoaring noch diel fan útmakket.

De diskusjejûn yn Tresoar wie troch de Fryske Akademy ynearsten tocht as in besletten gearkomste mei Steatenleden.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Redaksjoneel + ynhâld ensafh 5, 2014

logo.ensafh

Redaksjoneel

Dit nûmer fan ensafh bestiet, ôfsjoen fan ’e yn- en útliedingen en in tekening fan John Bosma, folslein út oersettingen. Dat kaam foaral sa mei’t ús einredakteur ynternet, André Looijenga, it foarnimmen hie en set in ferhaal fan Nobel-priiswinster (2013) Alice Munro oer. De Kanadeeske skriuwster fan ferhalen wûn de grutte priis yn it jier dat yn Fryslân lûden opgiene dat de wrâld net op ferhalen siet te wachtsjen, mar op romans. No wurde Munro har koarte ferhalen wol omskreaun as heale romans en ek foar it ferhaal dat André oersetten hat, My Mother’s Dream, is dat fan tapassing.… Lês fierder