Hedwig Terpstra

Sytse Jansma: ‘Ik mei graach boartsje mei de werklikheid.’

logo.ensafh

Sytse Jansma (Feanwâlden, 1980) die snein 24 oktober yn de Greate Tsjerke yn Poppenwier mei oan in middei fan it Literêr Sirkwy. Hy droech dêr syn nijste gedichten foar. Oare dichters dy middeis wiene Elmar Kuiper, Edwin de Groot en Aafke Koster. Mei har fjouweren ymprovisearren se op de muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin. De dei dêrnei ynterview ik Sytse yn syn moaie âlde kapteinswente yn it sintrum fan Harns. Sytse seit oer de foardrachten: ‘Ik koe de muzikanten hielendal net en we ha dus ek nea oefene. Ik fyn dochs dat de ymprovisaasje goed slagge is. It is soms ek moai om dwers tsjin de muzyk yn te gean.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it foaropwurd fan de sechde papieren ferzje fan ensafh fan dit jier skriuwt Imke Hooijenga dat it winterseizoen útnoeget om smûk mei in boek sitte te lêzen.
Ik bin it folslein mei har iens en heakje dêr graach noch wat oan ta. Want wat is der noch smûker as in boek? Justem, wannear’t yn de fierder tsjustere keamer de kompjûter of laptop opljochtet op in reinige freedtemiddei. It wurk is dien, it wykein stiet foar de doar en… de nije digitale ensafh is út! Foar iten noch in buorreltsje, in kearske oan en súntsjes sûzet de kompjûter jin yn in oare wrâld fan poëzij, proaza, kollums ensfh.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Wa’t as skriuwer better wurdt, kin dochs in minder boek meitsje

logo.ensafh

Dregere boeken om te besprekken as ferhalebondels binne der net, sa haw ik de ôfrûne jierren murken. Meastentiids ûntbrekt de romte om oan alle ferhalen út sa’n samling rjocht te dwaan. Boppedat is in resinsje mei allinnich mar koarte gearfettinkjes saai om te lêzen.
Dus wurdt de resinsint wol twongen om sels de linen te lûken, om sa de konstanten yn al dy ferhalen sjen te litten. Mar wat dan as guon dielen fan it boek no krekt net yn dat soart fan yndielings passe?
Yn Douwe Kootstra syn nijste bondel stiet ien ferhaal dat oars is as oars. Normaal wie it sa dat Kootstra der op út giet, om dan letter te skriuwen oer wat der op syn paad kaam.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Nei in nije gearkomste is der folop kopij foar wer in pear ôfleveringen fan de digitale ensafh. Dat docht my deugd, mar dat betsjut net dat de skriuwers en dichters yn Fryslân hjeldei hâlde kinne. Der is genôch yn ’e wrâld dat ús omtinken fertsjinnet dêr’t oer skreaun wurde kin. Dat kin de realiteit wêze, dêr’t it ferhaal ‘De nacht fan de seame en it skilderij’ fan tsjûget. Lykwols kinne ek foto’s oanlieding ta kreative útspattingen jaan. Mar wat tochten jo fan wrâldliteratuer oersette yn it Frysk. Folle net genôch. Sels 17e ieuske sprekwurden kin foar ien yn Kanada oanlieding ta gedichten jaan.… Lês fierder

Piter Boersma

In bekearing mei help fan kofje

logo.ensafh

Yn syn nije dichtbondel Op ‘e kofje yn ‘e kosmos fertelt Jouke Hylkema yn dichtfoarm in ferhaal. It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel. De wiidweidige flaptekst makket de lêzer yn it foar paadwiis en dat is yn dit gefal moai meinommen (der stiet sels mear as yn de bondel sels oan gegevens te finen is): ‘Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei “Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan it libben op ierde.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Jules Verne yn it Frysk: “In wrâldreis yn 80 dagen”

logo.ensafh

‘Wat binne der doch bysûndere minsken op ‘e wrâld,’ tocht ik, doe’t ik yn ‘e kunde kaam mei Garmt de Vries-Uiterweerd. Hy skille my op mei fragen oangeande syn plan en lit in Fryske oersetting meitsje fan Le Tour du monde en quatre-vingts jours. Oft der in Frysk wurdboek wie. Ja, dat wie der. Hoe koe hy deroan komme? Hy koe it bestelle by de AFUK. De AFUK? Ja, op ynternet te finen op afuk.nl. En sa mear oer mooglike oersetters en oer subsydzjemooglikheden.

En letter skille er my nochris mei de fraach wat de regels wiene foar Fryske wurdôfbrekking, dat doe stjoerde ik him in scan fan de rillevante siden út Rienk de Haan syn griene boekje foar it Frysk Mei freonlike groetnis.… Lês fierder